Fryske politisy easkje fan Haachske polityk Fryske rjochtbanktolken (bywurke)

oktober 6, 2021 13:04

Hjoed, woansdei 6 oktober, hat it Steatekomitee Frysk yn De Haach west om by de leden fan de Twadde Keamer de tolkekwestje oan ’e oarder te stellen. INo’t de tolken net mear foar de rjochtbank wurkje wolle fanwege de te lege fergoeding is der in swierrichheid ûntstien. Net alle rjochtbankpersoniel ferstiet Frysk, dat tolken binne wol nedich. As dy der net binne, kin it rjocht om foar de rjochtbank of it gerjochtshôf Frysk te praten, net wiermakke wurde.

It Steatekomitee Frysk – in fêste wurkgroep fan Provinsjale Steaten dy’t him mei de Fryske taal dwaande hâldt – hat dêr grutte noed oer, omdat sa gjin suvere rjochtspraak mooglik is. It biedt de minister fan Justysje en de Keamerkommisje Justysje en Feiligens in petysje oan en it praat mei in tal Twadde Keamerfraksjes.

Laura Bromet fan de Twadde Keamerfraksje fan GroenLinks sei: “Nederland heeft maar twee officiële talen, Nederlands en Fries. Op beide moeten we zuinig zijn. Je moet het gewoon kunnen spreken voor de rechtbank.”

Attje Meekma fan de Fryske Steatefraksje fan it CDA wiisde op de Wet Gebrûk Fryske Taal, dy’t foarskriuwt dat de rjochtbankferslaggen de taal fan de sprekkers oernimme moatte, mar dat de ferslaggen yn de praktyk almeast folslein Nederlânsktalich binne. Albert van Dyk fan de Frysk FvD-fraksje sei: “Frysk prate op de rjochtbank is wichtich, mar it is better as wy dat yn Fryslân sels regelje kinne.”

Frou Meekma wiisde der ek noch op dat it in protte burokrasy opsmyt as nije Fryske tolken wûn wurde mei in Europeeske oanbestegingsproseduere: “It giet yn Fryslân om trije tolken. Dat moat sa wol oplost wurde kinne, sûnder dat je earst op sa’n proseduere hoege te wachtsjen.”

oktober 6, 2021 13:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.