Frysk boekepakket foar skoallen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

oktober 7, 2021 08:47

Yn Achtkarspelen is woansdeitemoarn 6 oktober it startsein jûn foar de Berneboekewike. Wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen kaam net mei lege hannen. De Haan joech CBS De Oanrin yn Twizel in Frysk boekepakket mei in wearde fan 200 euro. Hy lies ek in ferhaal foar út in Frysk boek.

Foto: Gemeente Achtkarspelen/Tytsjerksteradiel

Fryske boeken foar skoallen en pjutte-opfangplakken
“Skoallen en pjutte-opfangplakken koene by de gemeente in Frysk boekepakket oanfreegje”, seit wethâlder Max de Haan. “Dêr wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis mei stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.” Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hawwe de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel besletten om, lykas ôfrûne jierren, yn beide gemeenten foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken yn it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis € 6.000 beskikber te stellen. Skoallen koene foar € 200 Fryske boeken bestelle en pjutte-opfangplakken foar € 100.

Foto: Gemeente Achtkarspelen/Tytsjerksteradiel

Frysk stimulearje yn it ûnderwiis
Taal en lêzen binne in enoarme motor foar de ûntwikkeling fan bern. Taal is de basis fan kommunikaasje. It helpt om gear te wurkjen, gefoelens út te drukken en jout kleur oan de maatskippij en sosjale kontakten. “It behearskjen fan mear as ien taal is in oanwinst. Dêrom stimulearje wy it Frysk op de skoallen”, seit wethâlder Frysk en ûnderwiis Andries Bouwman. “Wês dêr dus allegearre mar tige grutsk en sunich op!”

oktober 7, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.