Friezen prate yn ynformele kontakten wat faker Frysk
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Yn ynformele kontakten prate Friezen minder faak Nederlânsk as in pear jier lyn. Undersyk fan de Nederlandse Taalunie lit sjen dat it hieltyd minder gewoan wurdt om allinne mar Nederlânsk te praten mei pakes en beppes, âlden, bruorren en susters, bern, freonen en buorlju. Tusken 2016 en 2018 wie dat ek al bard en de ûntjouwing set him troch tusken 2018 en 2020.
Tagelyk lit it ûndersyk sjen dat minsken yn Fryslân yn ynformele kontakten faker inkeld mar it Frysk brûke. Dat jildt benammen foar minsken tusken de 40 en de 64 jier âld. Fierder komt Ingelsk stadich mar wis op as ynformele omgongstaal yn Fryslân en dan benammen by de jongste leeftydsgroep (15 oant 39 jier) yn it kontakt mei de partner.
Mei-inoar praat 41 persint fan de ynwenners fan Fryslân yn kontakt mei freonen en famylje altyd Nederlânsk, 32 persint altyd Frysk en 24 persint sawol Frysk as Nederlânsk. 1 persint brûkt Nederlânsk en Ingelsk. Oare taalkombinaasjes binne tige seldsum.
Oare kontakten
Yn it kontakt mei minsken dy’t minder eigen binne, wikselje Friezen wat mear fan taal: 38 persint praat altyd Nederlânsk, 8 persint altyd Frysk en 54 persint sawol Frysk as Nederlânsk. 2 persint praat Nederlânsk en Ingelsk. Yn it sikehûs en oan de kassa fan de supermerk nimt it gebrûk fan it Nederlânsk in bytsje ôf it gebrûk fan it Frysk wat ta, by de húsdokter is it wakker gelyk en op ‘e merk wurdt wat minder Frysk en wat mear Nederlânsk brûkt.
Yn ynformele, mûnlinge kontakten mei relative frjemden wurdt in protte Frysk brûkt: 73 persint fan de minsken yn Fryslân praat sawol Frysk as Nederlânsk mei klanten/learlingen/studinten, 3 persint allinne mar Frysk, 17 persint allinne mar Nederlânsk en 4 persint Nederlânsk en Ingelsk. Skriftlik wurdt it Frysk wat minder brûkt: yn e-mails oan klanten/learlingen/studinten brûke 52 persint fan de Friezen sawol Frysk as Nederlânsk, 38 persint inkeld mar Nederlânsk, 3 persint inkeld mar Frysk en 5 persint Nederlânsk en Ingelsk.Oft dat mear of minder is as earder, koene de ûndersikers net neigean.
Frysk njonken oare lytse talen
De oare twa erkende lytse talen fan Nederlân wurde op it wurk dúdlik in stik minder brûkt as it Frysk. 60 persint fan de Friezen praat Frysk (al of net njonken oare talen) op it wurk, wylst mar 7 persint fan de Limburgers en 3 persint fan de minsken yn it Nedersaksyske gebiet de taal fan de streek op it wurk brûkt.
Sosjale media
Op ‘e sosjale media brûkt 4 persint fan ‘e ynwenners fan Fryslân allinne mar Frysk, 47 persint Frysk en Nederlânsk, 8 persint Frysk, Nederlânsk en ien of mear bûtenlânske talen. 36 persint brûkt gjin Frysk.
It ûndersyk fan de Nederlandse Taalunie is útfierd yn 2020. Der dienen 3195 minsken út Nederlân oan mei, wêrûnder 186 minsken út Fryslân. It ûndersyk is ek útfierd yn België en Suriname. Ferlykbere ûndersiken binne útfierd yn 2016 en 2018. De gegevens binne ûnder de titel De staat van het Nederlands 2021 publisearre. It ferslach is hjir te finen:
https://taalunie.org/publicaties/206/staat-van-het-nederlands-onderzoeksrapport-2021
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje