Frânsktaligen yn Flaanderen hawwe fjouwer jier lang rjocht op oersetting yn eigen taal

oktober 8, 2021 11:52

De eardere Flaamske ministerske fan ynlânsk bestjoer Liesbeth Homans is der neat net wiis mei: Frânsktaligen yn de saneamde ‘fasiliteitegemeenten’ hoege mar ien kear in oersetting fan offisjele stikken oan te freegjen en hâlde dan automatysk fjouwer jier it rjocht op oersetting fan alle oerheidsdokuminten. Frou Homans wol dat se dat foar elk dokumint op ‘e nij oanfreegje.

De fasiliteitegemeenten binne yn 1963 ûntstien by de opdieling fan België yn taalgebieten. Se lizze yn ien fan de trije taalgebieten: it Nederlânske, Frânske of Dútske, mar ynwenners hawwe it rjocht op oersetting yn ien fan de oare talen. De Nederlânsktalige ynwenners fan Frânsktalige gemeenten meitsje dêr hast gjin gebrûk fan, mar benammen om Brussel hinne binne in protte Flaamske gemeenten yn de rin fan ‘e tiid hieltyd fierder ferfrânske.

De Flaamske oerheid hat de fasiliteitegemeenten altyd sjoen as Nederlânsktalich mei rjochten dêr’t Frânsktaligen allinnich by útsûndering gebrûk fan meitsje meie. Hja soene altyd Nederlânsktalige stikken krije moatte en allinne út en troch ris in oersetting oanfreegje. Frânsktalige partijen sjogge it rjocht op oersetting lykwols as in minderhederjocht en wolle dat de gemeenten folslein twatalich wurde en beide taalgroepen yn de eigen taal betsjinje.

In Belgyske rjochter oardiele yn 2014 dat der in tuskenoplossing komme moast: Frânsktaligen koene by de gemeenten oanjaan dat se oersettings hawwe woene. Dat rjocht bleau fjouwer jier bestean. Dat oardiel is no op ‘e nij troch de heechste Belgyske rjochter bekrêftige. Dy oardiele ek dat gemeenten in databank oanlizze meie fan de taal dêr’t boargers yn oanskreaun wurde wolle.

Der binne yn België 27 fasiliteitegemeenten. Mear as de helte dêrfan (14) wurdt foarme troch Nederlânsktalige gemeenten mei fasiliteiten foar Frânsktaligen. De Flaamske oerheid beskôget it taalbelied fan de gemeenten as in Flaamske saak, wylst de Frânsktaligen it besjogge as in Belgyske saak. De hjoeddeiske Flaamske minister fan ynlânsk bestjoer Bart Somers seit dat er it oardiel fan de rjochter “binnen de Vlaamse regering” beprate sil.

oktober 8, 2021 11:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.