FNP-Súdwest-Fryslân: ‘Wenningkrapte mei-inoar oanpakke’

oktober 20, 2021 12:34

Mei in moasje ropt FNP-Súdwest-Fryslân de oare politike partijen op om mei-inoar in húsfêstingsferoardering fêst te stellen. FNP: Sa hawwe we folle better stjoer oer de hjoeddeiske wenningmerk en wurdt de krapte oanpakt.”

Yn in húsfêstingsferoardering steane saken as tawizing fan hierwenten, betingsten foar rekreative ferhier, ekonomyske of maatskiplike bining, it bouwen foar starters of trochstreamers, selsbewenning en prestaasjeôfspraken mei wenningkorporaasjes.

Oeral yn de gemeente is ferlet fan nijbou en trochstreaming. De gemeenteried hat yn ôfrûne juny € 500.000 beskikber steld foar wenningbou om dêr ûnder mear in aktivere rol yn spylje te kinnen. De húsfêstingsferoardering is dêr in sterk ynstrument foar.

De moasje wurdt yn de riedsgearkomste fan 18 novimber ynbrocht. De FNP hat de stipe fan de PvdA en CU al tasein krige. FNP-riedslid Sicco Rypma seit: Mei-inoar de skouders derûnder, wat mear stipe, wat better.”

oktober 20, 2021 12:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.