FNP komt mei oanfalsplan wenjen
Resint ferskynd
De FNP hat fan ’e moarn syn oanfalsplan wenjen presintearre by in parsekonferinsje yn it Provinsjehûs.
It belied op it mêd fan wenjen yn Fryslân is fêstrûn. Dêr binne in soad oarsaken foar oan te wizen: de lege rinte, te min nijbou yn de krisis fan sa’n tsien jier lyn, efterôf te foarsichtige prognoazen fan de befolkingsgroei, de ferhierdersheffing, dy’t soarge hat foar in tekoart oan ynvestearringsromte foar wenningkorporaasjes, de ferkeap fan hierwenningen. Fraach en oanbod komme net mear byinoar.
De FNP wol dat elke gemeente sels mear stjoer kriget op de wenromte foar syn ynwenners. Dat betsjut dat de partij mei in tal konkrete maatregels komt. Dêrmei moat aanst elke gemeente de romte krije om derfoar te soargjen dat ynwenners en Friezen om utens yn guon gefallen in foarsprong krije by it finen fan wenromte.
Frysk Startersmodel
De partij wol dat de oerheden wurk meitsje fan in Frysk startersmodel. De gemeente kin it starters dêrmei makliker meitsje om yn de eigen omjouwing in wenning te keapjen. Yn it model moat de gemeente de rol as húsfêster werompakke dy’t it yn it ferline kwytrekke is.
Húsfêstingsferoardering
De FNP wol ek dat yn elke gemeente in húsfêstingsferoardering komt, dêr’t de gemeente mei stjoere kin op doelgroepen en op it gebrûk fan wenningen.
De partij hat hjoed in fyzjestik en oanfalsplan iepenbier makke. Ofrûne sneon hawwe de riedsfraksjes, it haadbestjoer en de Steatefraksje gear west en is der in klap op it stik jûn.
It fyzjestik en it Oanfalsplan Wenjen fan de FNP binne hjir te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje