Flaaksmuseum

oktober 3, 2021 15:50

Ald ambacht

Yn Ie, in skildereftich terpdoarp yn de noardeasthoeke fan ús provinsje, stiet it saneamde Braakhok. In lyts museum, tichteby it sintrum oan de Foeke Sjoerdsstrjitte 9 (www.itbraakhok.nl). It is hast alle dagen iepen tusken 10.00 en 17.00 oere en de tagong is fergees. Alhoewol’t it net grut is en eins út ien romte bestiet is der wol in soad ynformaasje te krijen oer flaaks mei as ôffal hjidde.

Foto MV

Flaaks is in plant mei opgeande stâle, snylfoarmige blêden en blauwe blommen, dy’t ferboud wurdt om syn fezels, dy’t tsjinje as grûnstof foar linnen en papier. Syn sied, lynsied, wurdt brûkt foar de produksje fan lynoalje.

Yn it museum is te sjen hoe’t yn acht stappen it einprodukt ta stân komt: 1. it siedzjen yn maart en april, mei de risping yn de heamoanne (july); 2. it rigeljen fan de kop fan de stâle en dêrnei it rotsjen (3) om yn in wiete omjouwing de fezels los fan de stâle te krijen. Dan it bewurkjen mei de braak, it swingeljen en hikkeljen om mei it spinnen al draaiend in tried te meitsjen (7) en lang om let it weven (8), dêr’t trochinoar frisseljend in lape guod fan linnen by ûntstiet.

Linnen is wer populêr yn de kleanyndustry en it wurdt ek brûkt by it meitsjen fan tafellekkens, gerdinen en muorrekleden en fierder by it boekbinen. Linnentried is sterk. Dêr tankje we de útdrukking ‘sa taai as hjidde’ oan.

Flaaks. Foto © MV

It Braakhok is in soarte fan selsbetsinningsmuseum, mar it ek mooglik om útlis te krijen fan ien fan de frijwilligers fia 0651880964.

Simmerdeis kin men fan Blije út de flaaksrûte folgje (www.vlasroute.nl) om úteinlik yn Ie oan te kommen. Dat yn kombinaasje mei in teetún yn it begjin fan de rûte.

Koartsein, in prachtich inisjatyf om in âld ambacht oan it deiljocht te bringen.

Matthijs Verkuijl

oktober 3, 2021 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.