Fjouwer winken foar in dierfreonlike hjersttún

oktober 6, 2021 09:03

Fan It Fryske Gea

Podden. Foto © It Fryske Gea

Wa’t bisten by harren tarieding foar de kâlde wintermoannen in hantsje helpe wol, hat grif wat oan ûndersteande winken.

  1. Kontrolearje foersilo’s en -tafels en hingje nestkastkes op.
    Ferfang wat stikken is en meitsje de brûkbere skjin. Hingje no al nestkastkes op, want fûgels hawwe faak tiid nedich om oan nije kastkes te wennen ear’t se der werklik yn briede. Blaumiezen, blokmiezen en de grutte eksterspjocht brûke se by kjeld ek graach as sliepplak. *)
  2. Lit blêden lizze en meitsje wat rommelige hoekjes.
    Wa’t de hjerstblêden lizze lit en net al te oprommerich is helpt de natuer! Ferwyldere hoekjes binne foar in soad soarten bisten in echt paradys. Houtbultsjes, dakpannen en tûken yn in stil hoekje binne ideaal foar stikelbarchjes, kikkerts, podden en salamanders om dêr te oerwinterjen.
  3. Plantsje hagen, beammen, strûken of blombollen.
    De hjerst is de tiid om sokke oanwinsten foar de tún te plantsjen. Dieren skûlje der yn of ûnder en se fine der fretten. Om yn ’e simmer in tún fol blommen te hawwen is it saak om no de blombollen al te setten. Ek goed foar bijen en flinters!
  4. Meitsje in kompostbult.
    Wa’t in treddepart fan syn ôffal ta krêftfoer foar de (griente)tún omtsjoent, docht itselde as wat de natuer eins altyd al die: de natuerlike omrim syn gong gean litte. Foar fûgels en stikelbarchjes is it in hearlik buffet.

*) Goed om no al te witten: yn de krystfakânsje leart It Fryske Gea jonge natuerleafhawwers om in nestkastke te timmerjen. Hjir oanmelde.

 

oktober 6, 2021 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.