Film ‘Stjer’ nominearre foar Noorderkroon Award

oktober 24, 2021 20:41

De nominaasjes foar de Noorderkroon Awards binne bekend. By it Noardlik Filmfestival, dat fan woansdei 10 oant en mei snein 14 novimber holden wêze sil, beslút in deskundige sjuery hokker filmmakkers oft mei in priis nei hûs ta geane. Der binne sân prizen te ferjaan yn ferskate kategoryen.

Foto: Stjer Media

Oant 1 septimber 2021 koene makkers films ynstjoere foar it kompetysjeprogramma Noorderkroon. Yn totaal binne der mear as santich films ynkommen. Dêr binne in lytse fjirtich fan selektearre foar fertoaning en in part dêrfan is nominearre foar in award. By de seleksje en nominaasje is ûnder mear sjoen nei de orizjinaliteit, aktualiteit en artistike kwaliteit fan de films.

By it festival beslút in sjuery, besteand út Sander Francken, Roxane Schreiber en Hesterliena Wolthuis wa’t in priis krije.

Bêste spylfilm
Yn de kategory ‘bêste spylfilm’ binne nominearre: Stjer fan Janko Krist, Little Amsterdam fan Jörgen Scholtens en De Kameleon aan de Ketting fan Steven de Jong.

Bêste lange dokumintêre
Kânshawwers yn de kategory ‘bêste lange dokumintêre’ binne Bart en de steen die terug naar huis ging fan Bart Eysink Smeets, Weg uit de stad fan Tom Tieman en Saskia Jeulink en IJswee fan Okki Poortvliet.

Bêste koarte fiksje
Melanie fan Reinout Hellenthal, ADA fan Fabian Claes Jansen, Kom hier fan Marieke Elzerman en Koud Bloed fan Morgan Grunefeld binne nominearre yn de kategory ‘bêste koarte fiksje’.

Bêste amateurfilm
Nominearre yn de kategory ‘bêste amateurfilm’ binne Zwevend lief meisje fan Leon Wohlrabe, Durf – het verhaal van 11 december 1944 fan Rick Ploeg en Kijken door een Roze Bril fan Rieuwert Huisman.

Bêste koarte dokumintêre
Yn de kategory ‘bêste koarte dokumintêre’ binne nominearre: Rebellious Silence fan Nuria Zantman, In The Right Place fan Sam van Zoest en Ik ben ook iemand fan Marijke Huisman.

Bêste studintefilm
Fiif studintefilms binne selektearre. Nominearre foar in award binne Eb fan Frederik en Maria Stuut, States of Mind fan Dirk Lentz en Schervengericht fan Hidde Muskee.

Grutste jong talint
Trije jonge makkers meitsje kâns op in award yn de kategory grutste jong talint: Okki Poortvliet (IJswee), Hanna Swart (The Happy Pathmaker) en Carmen Maria (Bettie van de thuiszorg).

oktober 24, 2021 20:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.