Ferhalewedstriid De Nije oant healwei oktober
Resint ferskynd
It Fryske tydskrift De Nije skriuwt in ferhalewedstriid út. It tema is Eilannen. It giet om selsbetochte of wier barde ferhalen oer ien of mear eilannen, tichteby of fierôf, dat docht der net ta. Se kinne gean oer bysûndere feesten en tradysjes op de eilannen, oer toerisme of krekt net, oer waar en wyn. Dat kin, mar dat hoecht net.

Foto © DE NIJE
Om mei te tingjen nei in priis – in boekebon fan € 100,00, € 75,00 of € 50,00 – en opnommen te wurden yn it desimbernûmer 2021 fan De Nije, moat in ferhaal om ende by 1250 (maksimaal 1500) wurden telle en yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân, bygelyks in eilanner dialekt, skreaun wêze. De kar foar hokker fan dy talen, makket neat út.
De ferhalen moatte foar heal oktober stjoerd wurde oan denije@itnijs.nl.
Op dit stuit leit in De Nije mei tema Muzyk yn de winkels, sjoch: Wat docht Grytz mei Boudewijn De Groot?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje