Ferbod op gasboarring East-Fryske Waad
Resint ferskynd
De Dútske dielsteat Nedersaksen wol oalje- en gasboarrings op it East-Fryske Waad ferbiede. Minister fan miljeu Olaf Lies seit dat it natoergebiet better beskerme wurde moat en dat it ferbod om him gjin útsûnderingen kriget. It ferbod moat oer in healjier yngean.
De nije klimaatdoelen fan it ferdrach fan Parys meitsje neffens Lies dat it net langer te ferdigenjen is dat der yn in beskerme natoergebiet boarre wurdt nei fossile brânstoffen.
Der binne op it stuit ferskate bedriuwen op it Waad oan it boarjen, lykas de NAM, Wintershall en One-Dyas. Dêr komt hieltyd mear ferset tsjin, omdat de seeboaiem sakje kin en omdat de winning fan gas en oalje úteinlik tebekrinne moat.
Yn Dútslân wurdt gas faak noch sjoen as in ferbettering, omdat dêr in protte stienkoal ferbaarnd wurdt foar de enerzjywinning. Dat is noch skealiker foar it miljeu. It ynternasjonaal enerzjykantoar IEA hat lykwols oanret om op te hâlden mei it boarjen nei oalje en gas, omdat dat ek fersmoargjend branje is.
Yn Nederlân tinkt de oerheid noch oars oer boarjen op it Waad as yn Dútslân. Neffens demisjonêr minister fan ekonomyske saken en klimaat Stef Blok binne der gjin risiko’s ferbûn oan de boarrings op it Waad en dat in ferbod wetlik net mooglik is. De Waadferiening en ferskate miljeu-organisaasje binne it dêr net mei iens. Hja wize op in útspraak fan it Waadfûns, dat seit dat de Nederlânske wet in boarferbod wol mooglik makket.
Fan Stef Blok hawwe wy yn Nederlân genôch te krijen hawn, om him mei nea mear te fertrouwen. VOC-mentaliteit, kapitalist, VVD, hoefolle minne eigenskippen moat yn ha, foar it troch eltsenien sjoen wurdt. Moai efter de Dútser oan, die hawwe mei alles wat mei ús moaie ierde fan dwaan hat, faak in folle better oardiel dan ús VVD- regering!