Feie Fonyk: Rôze saterdei, in fleurige boel, mar net foar it Frysk

oktober 21, 2021 12:00

Kollum

Rôze Sneon 2021

Grut feest foar de LHBTI‘ers saterdei 16 oktober yn Ljouwert. It bygeande filmke is makke op de Prins Hendrikbrêge by it stasjon. Dêr kamen sechtjin boaten del mei muzyk en fleurige minsken. Foar it grutste part gjin heteroseksuelen, mar koest der neat bysûnders oan sjen. Ik haw heard dat it der by de boattochten fan de Gaypride yn Amsterdam oars útsjocht. Elseviers kollumnist Gerry van der List hat syn fernuvering ris blike litten oer al de konten, dat bleat en dy wûndere útmeunstering fan guon.

Ofrûne simmer wie der rebûlje oer de reinbôgeflagge by de PC. Omrop Fryslân hat doe besocht om kontakt te krijen mei de Ried, of wie it in krante, hawar, dat wit ik net mear. Dat slagge net fanwegen fakânsjes. Mar de fraach wie wat wy derfan fûnen, fan dy flagge. Ik haw gjin idee wat de Ried derfan fynt, want wy komme net gear om oer sokke dingen te praten.

Persoanlik fyn ik it allegearre bêst. It kin my gjin sprút skele wa’t by wa op ‘e skutte sitte wol of it bêd mei-inoar diele. Elkenien moat dat sels útsykje mei de neisten. God, Allah en hoe’t dy oare hegere machten hjitte, kinst freegje wat dy derfan fine, mar krigest nea in antwurd. Dus “wie zwijgt, stemt toe”. No wol ik it net mear oer ús meiminsken, de LHBTI+‘ers hawwe. Wat my opfalt is dat de rige hieltyd langer wurdt. Jo soene jo hast skamje om heteroseksueel te wêzen sûnder fierdere problemen.

Ik wol it hawwe oer de ynformaasje om dy ‘Roze Zaterdag’ hinne. Se hiene in moaie digitale side, mar sa as te ferwachtsjen – it is Ljouwert hè, Leeuwarden bedoel ik – alles yn it Nederlânsk. Wol mei Ingelske gjalpen, want Ljouwert is sûnt 2019 in ‘Global Village’ en dat betsjut dat it noed stiet foar de oseanen, it klimaat en wit ik wat noch mear. Begryplik dat jo je mei sokke fiersichten net dwaande hâlde mei soks ûnnoazels as it Frysk.

Op de side fan dizze bysûndere saterdei dus ‘City of Love’ en ‘City of Change’. Mar gjin sprút leafde foar it Frysk en de ‘change’ is der wat dat oangiet ek net, want it talige klimaat fan ús kulturele sintrum is noch altyd like earmoedich.

Jo freegje jo wier ôf oft it net tiid wurdt foar aksje fan de kant fan de echte Friezen. Hoefier moatte wy gean om Ljouwert safier te krijen dat se dêr gewoan, sa’t it heart, it Frysk brûke. Jo kinne de bek wol fol hawwe oer ynklusiviteit, mar dat giet blykber net safier om de 300.000 Frysktaligen by de ynformaasje te belûken.

Takommende simmer mar sechtjin boaten byinoar skarrelje en in pear hûndert Friezen safier krije dat se yn ’e bleate kont troch de grêften farre mei in boerd foar it boarst ‘Frysk brûke bliksem’. Soks sil net slagje, sels net mei ien boat.

oktober 21, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma oktober 22, 09:55

    De freeds foar ‘Roze Zaterdag’ rûn ik troch de ‘Kleine Kerkstraat’. Hast alle winkels hiene sa’n ynklusive flagge mei pompeblêden oan ‘e muorre.

    No haw ik nea eat mei dy pompeblêderij hân. Ik haw gjin flagge, gjin trui en gjin mûtse mei dy dingen. Ik hâld my by it krewearjen foar ús taal.

    Dochs fyn ik it nuver dat jo it symboal fan in ‘lân’ of in mienskip ferniele foar in ‘statement’. Foar my is dy reinbôgeflagge de meast ynklusive flagge dy’t wy mar betinke kinne.

    Doe’t ik de strjitte hast út wie, tocht ik hja soene net de pompeblêden oan de flagge, mar de F oan dy griemmank fan alfabetletters taheakje moatte.

    Wy sjogge ommers dat de Ljouwerters einliks ris út harren Nederlânske kast komme moatte. En soks jildt grif foar mear Friezen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.