Eurofyzje Sjongfestival takom jier yn Turyn

oktober 10, 2021 08:49 Fernijd

It Eurofyzje Sjongfestival wurdt takom jier yn Turyn holden. Dat hat de Italiaanske publike omrop RAI besletten. Turyn waard keazen út fiif stêden dy’t it Sjongfestival organisearje woene. Milaan, Bologna, Rimini en Pesaro hiene har ek oanmeld.

Eurofyzje Sjongfestival yn Kopenhagen yn 2014 (foto: Wikipedia/Morten Haagensen – CC BY-SA 3.0)

Lykas wenst kedizet de publike omrop fan it organisearjend lân yn hokker stêd it Sjongfestival holden wurdt. De stêden moatte oan ferskate betingsten foldwaan. Sa moat der in lokaasje wêze dêr’t in grut evenemint organisearre wurde kin, der moatte op syn minst twahûnderttûzen hotelkeamers wêze en de stêd moat goed mei it fleantúch berikber wêze.

Yn 2006 waarden de Winterspullen yn Turyn holden, dat de stêd hat al sjen litten dat dêr in grut evenemint organisearre wurde kin. Yn maaie wûn Italië it Eurofyzje Sjongfestival. It ferske ‘Zitti e buoni’ fan rockband Måneskin krige de measte stimmen en dêrmei krige Italië, nei Nederlân de eare om it Sjongfestival te organisearjen. Dat wurdt yn maaie 2022 holden.

oktober 10, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.