Eksposysje René Tweehuysen yn Galerie Année yn Haarlim
Resint ferskynd
Fan 26 oktober 2021 ôf eksposearret René Tweehuysen fan Aldebiltsyl mei tsien skilderijen yn Galerie Année yn Haarlim yn de útstalling Uitgelicht, in rige yntime ramteksposysjes dêr’t alle twa wiken in oare keunstner yn útljochte wurdt. Fan de eksposysjes ferskynt ek in katalogus.
Frysk lânskip
Stilte en romte, dat is wat hjoeddeisk lânskipskilder René Tweehuysen wit te fangen yn syn lânskipskilderijen. It lânskip fan noardlik Fryslân en it Waad binne foar him in grutte boarne fan ynspiraasje. It grutste sompich lânskip op ierde mei in útsûnderlik rike natuer.
René Tweehuysen wurket neffens selsmakke foto’s. Yn in earste petear om mei de opdrachtjouwer yn ’e kunde te kommen besiket er in goed byld fan it model te krijen. By de besite nimt er foto’s en wurdt dúdlik hoe’t it skilderij der ûngefear útsjen moat. Dêrnei wurket er foar de opdrachtjouwer yn potlead in komposysjeskets út. As de gaadlikste foto en de skets goedkard binne, begjint er mei de útfiering. Under it skilderproses is it mooglik om de ûnderskildering te besjen.
Sjoch op www.galerieannee.nl foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje