Eksposysje ‘Oade oan it Lânskip’

oktober 12, 2021 08:31 Fernijd

Fan 17 oktober oant 12 desimber presintearret De Lawei yn Drachten de eksposysje Oade oan it Lânskip – De skilder en har palet. De eksposysje slút dêrmei oan by in inisjatyf fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme & Kongressen (NBTC), dat it jier 2021 útroppen hat ta temajier Oade oan it Lânskip. De Lawei eksposearret skilderijen fan fjouwer hjoeddeiske froulju mei elk in dúdlike eigen sinjatuer.

‘Land of fools and lovers’ fan Jessica Skowroneck (boarne: De Lawei)

De skilder en har palet

‘Into the woods’ fan Karin Bos (boarne: De Lawei)

De eksposysje lit alderhande soarten fan lânskippen sjen. Sa binne dy fan Karin Bos rûch en net polyst, lykas dy fan Spanje en Yslân. Hja beskriuwt har wurk as skilderijen dy’t je ferlykje kinne soene mei stills út in film. “Je fiele oan alles dat der wat barre sil. Of dat der krekt, bûten byld, wat bard is. Mar wat dat krekt is, komme je net te witten.”

De lânskippen fan Margreet Boonstra litte sjen dat it grien fan ’e greide net allinne mar grien is, omdat der in rykdom sûnder ein beskûlgiet yn de dingen om jin hinne. Hja wurket plein air, it lânskip is har favorite skilderplak en har dierberste ûnderwerp. “Yn myn keunst fertaal ik net allinne wat ik sjoch, it giet my hieltyd mear om alles wat ik net sjen kin: de wyn, de lûden, de hiele sfear fan it gebiet.”

Jessica Skowroneck nimt it yn har skilderijen op foar de natuer. “Ik hoopje dat minsken troch myn wurk begjinne nei te tinken oer hoe’t we ús ta de natuer ferhâlde, dat we wat oan ús opstelling wizigje moatte.” Jessica wurket op ’e grûn en net oan in ezel. It wurk ûntstiet yntuïtyf. Troch har spontane manier fan wurkjen en har grutte skildergebearten wurket hja altyd yn har atelier en noait bûtendoar.

Yn tsjinstelling ta Jessica steane by Marianne Brouwer de stedske lânskippen krekt sintraal. It stedske lânskip fassinearret har trochdat der in soad beweging, libbenens en kleur te sjen is. En it spesjale stânpunt dat der is: it perspektyf fan binnenút en fan boppenôf. Foar de eksposysje makke Marianne nije skilderijen dêr’t de natuer, ûnder oare ynspirearre op it stedspark, sterk yn nei foaren komt.

‘The Pack’ fan Karin Bos (boarne: De Lawei)

oktober 12, 2021 08:31 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.