Eksposysje brûns fan Evert van Hemert en skilderijen fan Janey Robertson

oktober 2, 2021 09:38

Wurk fan Evert van Hemert (foto: Bax Kunst)

2 oktober o/m 13 novimber 2021

Sneon 2 oktober iepenet Galery Bax Kunst yn Snits in nije eksposysje. De keunstner Evert van Hemert, dy’t in protte ûnderfining hat, is werom, en Janey Robertson debutearret mei skilderijen en akwarellen.

Evert van Hemert
Evert van Hemert (1952) is autodidakt. Fan him stean bylden yn alle Fryske stêden. Yn Snits tuorket ien boppe de Prins Hendrikkaai út. Van Hemert syn wurk is benammen figuratyf. Hy hâldt fan wylderige foarmen mei in eroatyske útstrieling. Sawol froulju as bisten, foaral hynders, hearre ta syn ûnderwerpen.

Syn brûnzen bylden makket er sels, fan it earste waaksmodel oant en mei it jitten en patinearjen. It wurk fan Van Hemert wurdt eksposearre yn binnen- en bûtenlân. De keunstner hat ûnder mear yn Haarlim, Grikelân en New Orleans wurke en hat him dêrnei yn it Fryske Kolderwâlde fêstige.

Wurk fan Janey Robertson (foto: Bax Kunst)

Janey Robertson
Foar Janey Robertson is it har solodebút. Se is opwoeksen yn Skotlân, mar wennet al jierren yn Ealahuzen. Yn 2020 studearre ôf oan oan de Klassike Akademy foar Byldzjende keunst yn Grins. Foar har ôfstudearprojekt krige se de Prix de Norvège, in priis dy’t alle jierren útrikt wurdt oan twa alumny, troch de ûndernimmer Egbert Pijfers, in Fries dy’t yn Noarwegen wennet.

Troch har ûnderwerpen ferskate kearen te besytsjen en ûnderskate sketsen te meitsjen yn houtskoal of akwarel, lei se de ferskillende ljochtynfallen fêst. It einresultaat yn oaljeferve of akwarel toant de djipte en kompleksiteit dy’t in yndustriële omjouwing hat, mar net fuortdaliks sichtber is. Neist dat yndustriële wurk skilderet se graach portretten en lânskippen.

Wurk fan Janey Robertson (foto: Bax Kunst)

De eksposysje besytsje
Sneon 2 oktober wurdt de eksposysje online iepene. Neist online is Galery Bax Kunst op de fêste iepeningstiden te besytsjen. “Wy folgje dêrby alle mooglike oanwizingen fan it RIVM en de jildende maatregels. Dêrneist meitsje ús fertroude iepeningstiden it just goed mooglik om alle doelgroepen fan tsjinst te wêzen. Moarns op ôfspraak, middeis iepen foar publyk”, seit kurator Redmer Bax. Hy beslút: “De thússitters wolle wy ek betsjinje mei ús eksposysje fan hege kwaliteit. En dat dogge wy neist yn de galery ek online fia in firtuele toer en ús webside.”

De eksposysje is dus altyd op de webside www.baxkunst.nl en op YouTube te besjen. Oankeapen kinne online dien wurde, krekt as proefpleatsingen. Dêr kin kontakt foar opnommen wurde mei de galery.

De eksposysje duorret oant en mei 13 novimber 2021.

oktober 2, 2021 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.