Eilânnijs

oktober 29, 2021 13:29

Yn it desimbernûmer fan tydskrift DE NIJE dat foar in aardich part oer eilannen giet, stiet in artikel oer eilânnijs op ItNijs.frl. Hjirûnder is in webferzje fan it artikel opnaam, om maklik trochklikke te kinnen nei alle neamde stikken. Klik dêrfoar op de fetprinte blauwe titels.

Wat hat Fryslân mei de Faeröer Eilannen?

Troch it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity), dêr’t deputearre Sietske Poepjes foarsitter fan is, hat Fryslân bannen mei ferskate regio’s op it mêd fan taal. Sa kaam it dat de earste bûtenlânske wurkbesite fan Arno Brok as kommissaris fan de Kening him yn maart 2019 nei de Faeröer Eilannen brocht om dêr de kulturele en ekonomyske bannen mei Fryslân oan te heljen. By in gearkomste mei Hanna Jensen, de Faeröerske minister fan kultuer en edukaasje, dêr’t útjouwer Niels Jákup Thomsen ek foar útnûge wie, ûntstie it idee fan in ‘book-swap’. Kommissaris Brok seach fuortendaliks de mooglikheden. Wat dy boekewiksel opsmiet is te lêzen yn De Faeröer Eilannen en Fryslân.

En dan in apart berjocht oer dyselde eilannen, mei in nuveraardige filmympresje derfan: Skieppe-eilannen hawwe Google SheepView.

It bysûndere Fryske eilân Hilgelân (Foto Carsten Steger, Wikimedia)

Waadeilannen ynternasjonale topattraksje

It waadgebiet wurdt de lêste jierren troch ynternasjonale saakkundigen oanrekommandearre foar in besite. De waadeilannen krigen foarname plakken yn listen fan reisbestimmingen:

  • Nederlân bedarre op nûmer 7 fan de Top 10 Best yn Travel 2020 fan de Lonely Planet reisgidsen mei in earfolle beneaming foar Unesco Wrâlderfgoed It Waad en de waadeilannen.
  • De New York Times wie yn 2019 mei in nûmer-30-notearring foar de Frisian Waddensea Islands
  • Yn 2018 wie Fryslân al op nûmer 3 fan Lonely Planet’s ‘Best in Europe’ kommen, mei in fermelding fan de waadeilannen as ‘simmerparadys’ en datselde jier wie der foar Fryslân in nûmer-20-notearring fan National Geographic.

Dêr is mear oer te lêzen yn Waadeilannen opnij yn list Lonely Planet en yn Fryske Waadeilannen op nûmer 30 list New York Times.

Eilândialekten oan it front fan de striid tusken Nederlânsk en Frysk

De dialekten fan de waadeilannen hawwe allegearre te krijen hân mei de konkurrinsje tusken Hollânsk en Frysk. Dat seit taalkundige Marc van Oostendorp yn in ynternetkolleezje, dat te folgjen is yn Kolleezje oer de dialekten fan ’e Waadeilannen.

Fan eilântalen en taaleilannen

Njonken eilântalen binne der ek taaleilannen. It East-Frysk yn Dútslân is rekôrhâlder mei de kwalifikaasje Lytste taaleilân fan Europa.

Foar wa’t dêr graach mear oer witte wol is der de rige Groetnis út it Sealterlân.

By de Deenske grins hawwe we dan noch it Noard-Frysk dat sawol in taaleilân is as in tal eilântalen omfiemet. In ferskaat oan nijs en ynformaasje dêroer stiet ûnder: Noard-Frysk eilân.

In bysûnder Noard-Frysk eilân is Hilgelân, dat fier út ’e reek yn de Dútske Bocht tusken alle Fryslannen yn leit. Gjin niget dat de Fryske Rie dat eilân útkeazen hat foar moetingen tusken de ferskillende soarten Friezen. Dy wurde ien kear yn de trije jier holden. De folgjende is al oankundige foar 20 oant 22 maaie 2022. In ferslachje fan de lêste kear is Ynterfrysk wykein op Helgolân.

Yn de tropen – mar binnen de ryksgrinzen – fine we ek in taaleilân mei in eilântaal: it Papiamintsk. De posysje dêrfan is te ferlykjen mei dy fan it Frysk. Doe’t de Nederlânske Antillen as lân opheft binne en Bonêre in Nederlânske gemeente waard, waard dêr op de skoallen it Papiamintsk as ferplichte eineksamenfak ôfskaft. De nije oerheid brûkt de taal ek folle minder as de âlde. It Nederlânsk slacht der no foar master op, krekt as yn Europeesk Nederlân. Fierders is der in grutte tastream fan minsken út de rest fan Nederlân nei it eilân op gong kommen. Dy prate gjin Papiamintsk en binne ek lang net altyd ree om it te learen, sadat de oarspronklike bewenners harren ferbrekke moatte.

Fierder lêze: Nederlân docht te min foar it Papiamintsk.

Geeske v.d. Sluis op Kuba (Foto Geeske van der Sluis)

In fideodeiboekrige oer in Fryske stazjêre op Kurasau jout in aardige ympresje fan dat eilân: Staazje op Curaçao. Dy rige wie yn sêne set, sjoch Sabeare flochster luts tûzenen folgers, mar de rige reisferslaggen fan in jonge Friezinne op Kuba is wol echt: Nei de oare kant fan ’e wrâld.

Eilannen ryk fan taal- en bioferskaat

Op eilannen hawwe talen har troch de isolaasje faak op in eigen wize ûntjûn en hanthavene. Sa is it Gaelic noch hieltyd de fiertaal fan fiskers op de Noard-Skotske eilannegroep de Hebriden. Jongelju leare de taal fan de âldere fiskers. Dat moat ek wol, want de ynformaasje oer de fiskwetters wurdt allinne yn dy taal trochjûn. Yn in soad gefallen hat allinne it Gaelic de wurden foar de plakken en wetters dêr’t de fiskers oer prate. Yn de sosjale wittenskippen wurdt praat fan ekologyske kennis: kennis dy’t ferweve is mei de taal en de kultuer en dy’t fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt. Fierder lêze: Om in Skotske fisker te wêzen moat men Gaelic kenne.

Oer eilânekology praat: dy is troch de isolaasje allyksa unyk. Mar de bysûndere plante- en bistesoarten op eilannen binne o sa kwetsber, trochdat se lang isolearre wiene en no troch de minske mei rôfbisten konfrontearre wurde, dêr’t hja gjin ferwar tsjin hawwe. Oer de ferdwinende bisten fan Madagaskar en Nij-Seelân is mear te lêzen yn Nei in wrâld mei de helte minder soarten.

It is gauris de wrâldekonomy dy’t de eilânnatuer bedriget. Troch in koalemyn yn Nij-Seelân bygelyks komt it fuortbestean fan in bysûndere, 200 miljoen jier âlde slakkesoarte faai te stean. Dat ferskillende lannen en bûtenlânske bedriuwen nei de boaiemskatten op Grienlân longerje, wylst de lokale politike partijen omreden fan it miljeu mei-inoar tsiere oer de winning dêrfan, is te lêzen yn Linkse partij yn Grienlân wol ein oan mynbou meitsje.

Unbidige stânbylden op it Peaske-eilân (Foto Aurbina, Wikimedia)

Riedsels Peaske-eilân foar in part ûntraffele

It útrûpeljen fan grûnstoffen en in te grutte oanwaaks fan de befolking op in te lyts eilân hat nei alle gedachten de oarsaak west fan it ynstoarten fan de beskaving op Rapa Nui, oftewol it Peaske-eilân. Yn 1722 rûsden de earste Europeanen dy’t dêr foet oan wâl setten dat it eilân tusken de 1500 en 3000 bewenners telde. Mar hoe koe sa’n lytse mienskip deryn slagge wêze om hast 900 ûnbidige stânbylden op it eilân te bouwen? Letter suggerearre argeologysk ûndersyk dat it tal eilânbewenners dat foar de Europeanen op Peaske-eilân oankamen, folle heger west ha moat. Yn it blêd Frontiers in Ecology and Evolution komme ûndersikers mei in nije rûzing fan it tal ynwenners: Peaske-eilân wie mooglik thús foar 17.500 minsken.

Lykwols kinne eilannen ek fan fierren streekrjocht bedrige wurde:

Unbewenne en lykwols ûnhuer smoarch

Henderson is in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan. It neiste tichtbefolke gebiet leit mar leafst fiiftûzen kilometer fierder. En dochs is Henderson tige smoarch. Der binne nei’t rûsd wurdt 37,7 miljoen stikjes plestik te finen. Hoe’t dat kin, is te lêzen yn Ofhandich, ûnbewenne eilân is meast fersmoarge plak op ierde.

En dan hawwe we it noch net iens hân oer it yn de weagen ferdwinen fan koraaleilannen troch de klimaatferoaring. Hawar, lit ús ôfslute mei fleuriger nijs dat ek goed by de tiid fan it jier past:

Krystkado’s út de loft

Militêren fan de Amerikaanske, Japanske en Australyske loftmacht litte alle jierren om de feestdagen hinne iten en boartersguod falle op 56 eilannen yn Mikronezië, de Noardlike Marianen en Palau. It hoe en wat fan dy goederjouskens stiet yn Militêren droppe krystkado’s op ôfhandige eilannen.

oktober 29, 2021 13:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.