Ehbû-kursus ek yn it Sorbysk

oktober 17, 2021 19:43

Dy’t leare wol hoe’t er earste help by ûngemakken jaan moat, is yn Fryslân ta de Hollânske taal feroardiele. In protte organisaasjes biede ‘ehbo-cursussen’ oan, mar op ‘ehbû-kursussen’ googelet men omdôch. It Frysk wurdt op syn heechst ynformeel brûkt op kursus.

By de Sorben yn East-Dútslân kinne ehbû-kursussen no wol yn de eigen taal folge wurde. Sneon joech Frank Schäfer foar it earst in kursus yn syn memmetaal. De tarieding wie noch net sa maklik, seit er. “In protte faktermen moast ik noch leare.” Schäfer ûnderrjochte oars al earste help by ûngemakken yn de Dútske taal en wie wend oan de Dútske wurdskat, dy’t net altyd ien-op-ien yn it Sorbysk oer te setten is. No is allinne it mûnlinge part noch Sorbysk, mar Schäfer wol syn PowerPoints ek yn it Sorbysk oersette. Hy fielt him allinne net folslein wis wat de stavering oanbelanget, dat hy wol dat yn ‘e mande mei it Serbski Institut dwaan, in wittenskiplik ynstitút dat te ferlykjen is mei de Fryske Akademy.

Oan de earste Sorbysktalige ehbû-kursus yn de stêd Budyšin/Bautzen diene sechtjin minsken mei, allegear jongelju. Yn Dútslân moatte jo foar it heljen fan it rydbewiis nammentlik in ehbû-diploma hawwe. De dielnimmers komme meast net út Budyšin, mar fan it omlizzende plattelân, dêr’t folle mear Sorbysk praat wurdt.

It idee om de kursussen yn it Sorbysk oan te bieden kaam fan de mem fan ien fan de dielnimmers. Dat wie net samar klear, want it oerheidsorgaan dat rydbewizen ôfjout, moast der earst fan oertsjûge wurde dat it om deselde kursus gie as de Dútsktalige, allinnich yn in oare taal.

Twa dosinten dy’t it Sorbysk machtich binne, jouwe no njonken Dútsktalige ek Sorbysktalige kursussen. Guon dielnimmers komme der spesjaal foar nei Budyšin ta.

oktober 17, 2021 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.