EFA unanym efter FNP-moasje oer wenjen

oktober 18, 2021 09:55

Sijbe Knol hâldt rede op EFA-kongres yn Brussel

Op it EFA-kongres yn Brussel hat de FNP ferline wike freed unanym stipe krige foar syn moasje oer it wenjen. Mei dy moasje wol de partij mear romte meitsje foar maatregels op it mêd fan wenjen en oproppe om de beskikbere Europeeske programma’s te brûken om yn wentebou en it ferbetterjen fan wenningen te ynvestearjen.

De moasje sprekt krityk út dat húsfêsting te bot sjoen wurdt as in merk dêr’t ynvestearders in soad jild op fertsjinje kinne en te min as in plak om yn te wenjen. En dat wylst wenjen in minskerjocht is dat erkend is yn it EU-rjocht, de grûnwetten fan de measte Europeeske lannen en yn it folkerjocht. De EU kin derfoar soargje dat de regels wat rommer wurde en ús gemeenten wat mear romte krije om de ynwenners te helpen by it besetten fan in wenning. Boppedat ropt de moasje op om gebrûk te meitsjen fan de programma’s fan de EU foar de wentebou, bygelyks troch renovaasjemaatregels binnen de Green Deal.

Puigdemont (l) en Knol

De EFA (European Free Alliance) is de politike partij dy’t de FNP fjirtich jier lyn mei-oprjochte hat. Roel Falkena, dy’t begjin dit jier ferstoarn is, wie ien fan de foaroanmannen dy’t doe it ynsicht hie dat it nedich wie foar regio’s lykas Fryslân om Europeesk gear te wurkjen. De EFA bestiet no út partijen út alle hoeken fan Europa, en foarmet mei de Grienen de fiifde fraksje yn it Europeesk Parlemint.

De FNP wie ek yn it Europeesk Parlemint foar petearen mei Europarlemintariërs. Sa hie FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol in petear mei ûnder oaren de eardere Katalaanske Presidint Carles Puigdemont. Dy soe earder al nei Fryslân komme, mar dat koe doe troch de koroanapandemy net trochgean. Der is ôfpraat om de besite it oare jier yn te heljen.

 

 

oktober 18, 2021 09:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.