Eastenrykske bûnskânselier Kurz giet ôf

oktober 9, 2021 23:41
Sebastian Kurz (foto: Eastenryksk ministearje fan finânsjes)

De Eastenrykske bûnskânselier Sebastian Kurz hat dien nommen. De oanlieding binne beskuldigings fan de fraksje fan Die Grüne yn it parlemint. Hja wolle hawwe dat Kurz behelle is by it omkeapjen fan sjoernalisten en opinypeilers om Kurz syn partij ÖVP goed bylkje te litten. Kurz seit dat der neat fan wier is.

Die Grüne en de ÖVP foarmje tegearre de regearingskoalysje. Die Grüne wol dêr net mei fierder as Kurz oanbliuwt. Dy giet ôf om “gaos of stilstân” foar te kommen, seit er. Kurz komt der ek mei tefoaren dat in moasje fan misbetrouwen tsjin him yn stimming brocht wurdt.

Kurz hat te witten dien dat er as parlemintslid fierder sil en dat er yn dy funksje syn ûnskuld bewize wol.

oktober 9, 2021 23:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.