East-Dútske plysje siket Sorbysk pratende kollega’s

oktober 3, 2021 21:15
Foto: plysje fan de dielsteat Saksen

“Wy geane by it oannimmen fan nije plysjes mei sin nei de Sorben ta.” Dat seit Roland Wöller, de minister fan ynlânske saken fan de Dútske dielsteat Saksen. Wöller hat as wichtich doel fan syn belied steld dat folle mear plysjes de Sorbyske taal machtich binne. Dy wurdt praat yn de regio Lausitz.

Dat Wöller dy taak serieus nimt, is dúdlik yn it strjitbyld yn de Lausitz te sjen. Grutte posters roppe minsken yn de twa talen Sorbysk en Dútsk op om by de plysje te sollisitearjen. It Sorbysk stiet boppeoan.

Under Sorben wurdt faak sein dat se easkje moatte dat se yn it Sorbysk te wurd stien wurde as se troch de plysje oanhâlden wurde. Dat is in bitterswiete grap, want hoewol’t se dêr formeel it rjocht ta hawwe, wie it lang sa dat der amper in plysje te finen wie dy’t Sorbysk prate koe, sadat de Sorben úteinlik wol frijút gean soene.

Dat is oan it feroarjen. Yn de stêden Hoyerswerda en Bautzen is sels de haadkommissaris no Sorbysktalich. Dominik Dyrlich is haadkommissaris yn Hoyerswerda en seit: “Op ús buro kinne trije minsken Sorbysk mei de boargers prate. Twa oare kollega’s kinne de taal ridlik ferstean. It komt net sa faak foar dat minsken easkje dat se yn it Sorbysk oansprutsen wurde, mar foaral yn ‘e omkriten fan Wittichenau krij ik faak blide reäksjes as ik Sorbysk praat.”

De Dútsktalige kollega’s binne der wolris wat lêbich oer as der op it buro Sorbysk praat wurdt, seit Dyrlich, mar dat binne neffens him mear pleagerijen as echte ôfkarrende reaksjes.

De plysje yn Saksen wol de plysjemacht sterk útwreidzje. Der moatte yn de dielsteat de kommende jierren tûzen nije plysjes by komme, benammen op it plattelân. Yn de Sorbysktalige Lausitz wurdt dêrom yn twatalige kampanjes oproppen om de plysje-oplieding te folgjen.

It Sorbysk is in Slavyske taal dy’t fanâlds yn it easten fan Dútslân praat wurdt. Yn de Lausitz wurdt de taal troch sa’n tweintich- oant tritichtûzen minsken praat.

oktober 3, 2021 21:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.