Dokumintêre oer de skiednis fan Golden Earring

oktober 4, 2021 08:41

Op 5 febrewaris 2021 waard bekend dat gitarist George Kooymans oan de progressive sykte ALS lijt. Dêrmei kaam in hommels ein oan de legindaryske Haachske rockband Golden Earring. Het Uur van de Wolf sjocht moandei 8 en tiisdei 9 novimber yn it twalûk That Day – Afscheid van Golden Earring tebek op it sechtichjierrich bestean fan de band.

Golden Earring (foto: ©Marcel de Vré)

De dokumintêre befettet noch net earder fertoande konsertfragminten, wurkopnamen en nij argyfmateriaal, foar in part ôfkomstich út privee-argiven. Regisseur Marcel de Vré stelt himsels yn That Day de fraach hoe’t it de band slagge is om sechtich jier oerein te bliuwen. Syn film makket dúdlik dat it net fanselssprekkend wie. De personiele besetting waard geregeld oanpast, der ûntbriek in echte lieder, de kommunikaasje ûnderinoar wie beheind, de hearen hiene it mier oan repetearjen en wrakselen geregeld mei ûnwissichheid.

It rûzige libben fan Golden Earring wurdt yn That Day rekonstruearre oan ’e hân fan de persoanlike tsjûgenissen fan direkt belutsenen fan hjoed-de-dei en út it ferline. Manlju fan de earste oere lykas drummer Fred van der Hilst, gitarist Peter de Ronde en sjonger Frans Krassenburg sketse it byld fan de sechtiger jierren. George Kooymans hie it doe drokker mei syn dowen as mei syn gitaar en Rinus Gerritsen spile by need bas sûnder dat er in noat lêze koe. “Wy ûntjoegen ús al gau fan kaugombandsje nei rock-’n-rollband”, seit Krassenburg, dy’t begriep dat er plak meitsje moast foar Barry Hay. Cesar Zuiderwijk waard de nije drummer en soarge foar mear stabiliteit.

De dokumintêre stiet stil by goede en minne tiden. It útbliuwen fan nije hits yn de tachtiger jierren makke dat de band besleat om mei in lêste lp ôfskie te nimmen. Oant it sukses fan ‘Twilight Zone’ ynienen nije kânsen meibrocht. Begjin njoggentiger jierren kundige him in finansjele krisis oan. Doe’t Willem van Kooten (nau behelle by de opkomst fan de band) gjin kredyt mear joech, brocht The Naked Truth útkomst. Dy akoestyske ynterpretaasje fan eardere hits waard mei in miljoen ferkochte eksimplaren it grutste sukses.

De dokumintêre heakket oan by de aktualiteit. Jaap Schut, eigner fan Nederlânsk iennige rockmuseum, bringt de boargemaster fan De Haach in besite en besprekt it ûntwerp foar in monumint op it Maliefjild.

Utstjoering: Moandei 8 en tiisdei 9 novimber om 20.30 oere by de NTR op NPO2.

Golden Earring-temawike
Yn ’e wike foarôfgeand oan That Day stjoert NPO2 Ekstra in wike lang konserten en dokumintêres oer Golden Earring út. Radio 2 sil yn it wykein fan 5 en 6 novimber nûmers fan Golden Earring hearre litte en de ôflevering út de fideosearje Classic Tracks oer ‘Radar Love’ opnij yn ’e etalaazje sette. De Nacht fan de Popmuzyk sil op sneon 6 novimber op NPO3 omtinken oan de band besteegje.

oktober 4, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.