Dialekten noardeastlike Wâlden hawwe Fryske, Grinslânske en Stedske eigenskippen

oktober 14, 2021 12:18

Troch Henk Wolf


Yn it noardeasten fan de Wâlden, tsjin de Lauwers en de Lauwersmar oan, prate se dialekten en dêr is net safolle oer bekend. Dat se net by it Frysk hearre, is dúdlik, mar wêr wol by, dat is al minder helder. It Kollumers wurdt gauris as Stedfrysk beneamd, it Pompstersk as Nedersaksysk. De Fryske Akademy hat dizze wike in ferslach útbrocht fan ûndersyk dat helpt om de dialekten better te pleatsen.

De ûndersikers binne Pieter Duijff, Femmy Admiraal, Wilbert Heeringa, Eric Hoekstra, Wiebe Evert Zoethout en Hans van de Velde. Se ha yn sân doarpen heeltyd twa minsken befrege oer har dialekt. Dy sân doarpen binne Kollum, de Pomp, Muntsjesyl, Warfstermûne, Boerum, Gerkeskleaster en Stroobos.

Dêr ha se sân eigenskippen fan it pleatslike dialekt ûndersocht. Dat binne:

yn de sinbou:
– folchoarder fan de tiidwurden: ‘(dat se) ride wollen hie’ of ‘hie wolle riden’;

yn de wurdfoarming:
– wol of net ge- foar it ôfslutend mulwurd: ‘fallen’ of ‘gefallen’;
– wol of net -t achter in bynwurd: ‘doe’t er kaam’ of ‘doe er kaam’;

yn de útspraak:
– in plofferige (Fryske) of in skraabjende (Grinslânske/Hollânske) g- oan it begjin fan wurden (lykas goed);
– in aparte [n]-klank of in troch de noas útsprutsen lûd yn wurden lykas minsk;
– wol of net in [r]-klank yn wurden lykas ‘hurd’;
sch- of sk- yn wurden lykas skuorre.

 As men dy eigenskippen besjocht, liket it Kollumers it meast op it Frysk, wylst it dialekt fan Warstermûne dêr it minst op liket. De dialekten dy’t de minste eigenskippen mei it Frysk diele, lizze oan de noardlike âlde Lauwers.

Twa dingen falle my op oan it ûndersyk:
1. it is typologysk fan opset, mar brûkt termen (taalnammen) út it stambeammodel;
2. it beskôget de dialekten as ‘kontaktfariëteiten’ of ‘mingtalen’.

Oer 1: der is allinnich sjoen nei eigenskippen fan de hjoeddeiske dialekten en op basis dêrfan wurde dy as ‘mear Frysk’ of ‘net Grinslânsk’ beneamd. No wurdt yn de histoaryske taalkunde in taalnamme lykas ‘Frysk’ almeast reservearre foar in taal dy’t ûntstien is trochdat sprekkers fan it Aldfrysk de taal mei heeltyd wer nije lytse wizigingen oan de bern trochjûn ha. Eigenskippen fan it spesifyk dialekt feroarje neat oan dat histoaryske kritearium: ek as alle Frysktaligen aanst sizze ‘dat se hie wolle riden’, bliuwt har taal in moderne foarm fan Frysk.

Oer 2: de ûndersikers beskriuwe de ûndersochte dialekten as “in oergong tusken it Fryske taallânskip en in Grinslânske” en dat is op basis fan de ûndersyksgegevens fansels goed te ferantwurdzjen. Se lykje lykwols oan te nimmen dat de spesifike eigenskippen fan de dialekten yn it provinsjale grinsgebiet ûntstien binne trochdat de sprekkers fan alles oernaam ha út it Frysk, Grinslânsk en Stedfrysk. Dêr binne twa beswierren tsjin oan te fieren:

As earste: as men net wit hoe’t de ûndersochte dialekten ûntstien binne, wit men net wat se fanâlds foar eigenskippen hienen. In sk-útspraak oan it begjin fan skip kin út it Frysk liend wêze, mar hy kin ek gewoan urven wêze út in âlde foarm fan Grinslânsk of Stedsk. Ik haw it idee dat de ûndersikers de termen ‘kontaktfariëteit’ en ‘mingtaal’ wat te maklik brûke: talen liene fan alles fan inoar, mar dat makket se noch net ta ‘mingtalen’: dy term wurdt yn de literatuer almeast brûkt foar talen dy’t net op de gewoane fan-âlder-op-bernmanier trochjûn binne. In ‘mingtaal’ kin bygelyks ûntstean as heit de iene taal praat en mem de oare en de bern fan dy twa talen ien nijen meitsje. Of as minsken in twadde taal ûnfolslein leare en der fan alles fan har memmetaal trochhine mjuksje. Oft der fan soksoarte senario’s sprake is yn it hoekje Fryslân besuden de Lauwers wit neffens my net ien.

As twadde beswier: it ûndersyk sjocht allinne nei hjoeddeiske taalfariëteiten. In bynwurd lykas doe’t en de wurdfolchoarder ‘… ride wollen hie’ wurde as typysk Frysk sjoen, mar dat binne se allinne mar as men sjocht nei de lette njoggentjinde en betide tweintichste ieu. De bynwurdlike ‘t komt yn it Frysk noch net sa lang ferplichte foar: de Halbertsma’s brûkten him yn har Rimen en teltsjes bygelyks noch net. Yn hjoeddeisk Frysk komt ‘… hie wolle riden’ ek foar en as men nei wat âlder Frysk sjocht, fynt men ek folle mear folchoarderferskaat as yn it moderne Standertfrysk. En fierders: it Grinslânsk hat de Standertfryske tiidwurdfolchoarder ek hân – guon dialekten ha him noch, oaren net mear. Ut de moderne eigenskippen fan de ûndersochte dialekten kin men dan ek net sa heel folle ôfliede oer de yntinsiviteit fan it kontakt mei Frysk, Grinslânsk of Stedsk.

Dat makket allegear net dat it gjin wichtich en nijsgjirrich ûndersyk is, want dat is it wol. Wat men derút leare kin, is dat de dialekten fan ‘Súd-Lauwerslân’ op basis fan har moderne eigenskippen net sa maklik te kategorisearjen binne, dat der typologysk sjoen in kontinuüm op taalgrinzen ûntstean kin, sa as wy dat bygelyks ek sjogge op de grins fan Germaansk en Romaansk of op de grins fan West- en Noard-Germaansk. Tige wichtich is ek dat wy no ris wat mear witte oer hoe’t de ûndersochte dialekten klinke. Wylst it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk en Stedsk ridlik oant goed beskreaun binne, wisten wy oant no ta hast neat fan de dialekten fan de noardeastlike Wâlden.

It is boppedat net it lêste ûndersyk. De Fryske Akademy wol noch mear ûndersyk dwaan, ek mei it doel om neislachwurken of learmateriaal ûntwikkelje te kinnen. Dat liket my prachtich ta.

It ûndersyksferslach Taalvariatie in Zuid-Lauwersland is online te lêzen.

oktober 14, 2021 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.