Dei foar Oarlochserfgoed by Tresoar

oktober 10, 2021 08:47

‘Aksje Net Fuortsmite’

Op sneon 23 oktober is Tresoar it toaniel fan de healjierlikse ‘Actie Niet Weggooien.’ De aksje is bedoeld om oandacht te freegjen foar erfgoed út de Twadde Wrâldoarloch dat noch by minsken thús op ‘e souder leit. It giet dan benammen om foarwerpen, deiboeken, brieven, foto’s en/of oare dokuminten. Tresoar organisearret de dei mei it Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Kazemattenmuseum Kornwerderzand en Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF).

Foto: Tresoar

Yn petear mei saakkundigen
Saakkundigen binne oanwêzich om mei it publyk yn petear te gean oer harren dokumint of foarwerp en harren mear ynformaasje te jaan oer de histoaryske wearde derfan. Sy wolle ek graach safolle mooglik fan de eigner hearre oer it foarwerp/dokumint. Fan wa hat it west? Wat is it ferhaal derefter? Miskien komt it yn oanmerking om yn de kolleksje fan ien fan de ynstellingen opnommen te wurden. Dêr sille de saakkundigen oer yn petear mei de eigner.

Foto: Tresoar

Net perfoarst ynleverje
It giet dus net allinnich om it skinken fan materiaal. Musea en argiven hantearje in sammelbelied en kinne allinnich foarwerpen en dokuminten bewarje dy’t dêryn passe. De dei is dan ek benammen bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan de histoaryske wearde fan materiaal út de Twadde Wrâldoarloch. As in foarwerp net opnommen wurdt, kinne de saakkundigen meitinke oer in oare bestimming. Foar ynformaasje oer it sammelbelied fan it Fries Verzetsmuseum sjoch webside.

Eardere edysjes
Eardere edysjes fan de Actie Niet Weggooien hawwe bysûnder materiaal opsmiten. Sa waard der by de foarige edysje de koffer mei brieven fan in fusilearre fersetsstrider oan syn leafste ynbrocht, en in horloazje fan in piloat út Nij Seelân. Fanwegen de koroana-epidemy is de aksje yn de ôfrûne oardel jier net organisearre.

Praktyske ynformaasje
Wat: Aksje Net Fuortsmite foar materiaal út de Twadde Wrâldoarloch;
Wêr: Gysbert Japicxseal Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert;
Wannear: sneon 23 oktober, fan 11.00 oant 16.00 oere.
Yn it foar oanmelde is net nedich. By drokte wurdt gebrûk makke fan in folchnûmersysteem.

oktober 10, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.