‘De Skepping’ komt werom

oktober 25, 2021 08:42

Nederlânsk Blazersensemble en Bart Moeyaert wer op toernee

Mei de trije oratoaria fan Haydn (Die Schöpfung, Die Jahreszeiten en Die Sieben letze Worte) as útgongspunt kreëarre it Nederlânsk Blazersensemble (NBE) mei de Flaamske skriuwer Bart Moeyaert in trilogy: earst wie der De Schepping (2004), dêrnei kaam Het Paradijs (2010), en mei De Hemel waard yn 2014 de syklus ôfrûne. Under de titel Het Hele Leven binne dy trije boeken koartlyn yn ien boek gearbrocht, mei yllustraasjes fan Peter van den Ende.

Foto: Peter Lodder

Ein oktober sille de Blazers en Bart Moeyaert opnij op toernee mei De Schepping, it earste diel fan dy suksesfolle muzykteätertrilogy. By dy foarstelling fertelt Bart Moeyaert (winner fan de Astrid Lindgren Memorial Award 2019, de ‘Nobelpriis foar de berneliteratuer’) it ferhaal oan ’e hân fan in selsskreaune tekst by dy âlde, mar op dizze manier nea sa útfierde, muzyk fan Haydn.

Yn 2020 wiene der al in pear foarstellingen fan De Schepping. Dy toernee sil dit jier ferfolge wurde en komt yn sealen yn Den Bosch, Muiden, Leuven (België), Amersfoart, Leien en Grins.

Spyllist De Schepping yn 2021:
Woansdei 27 oktober: Jheronimus Bosch Art Center, Theater a/d Parade, Den Bosch
Tongersdei 28 oktober: Grote Kerk, Muiden
Snein 31 oktober: 30 CC, Leuven
Tiisdei 2 novimber: De Flint, Amersfoart
Woansdei 3 novimber: Stadsgehoorzaal, Leien
Tongersdei 4 novimber: Oosterpoort, Grins

Bart Moeyaert (foto: Peter Lodder)

Oer it Nederlânsk Blazersensemble
It Nederlânsk Blazersensemble (NBE) is in groep fan goed tweintich topmusisy, dy’t sa’n tachtich kear jiers gearkomme om yn binnen- en bûtenlân bysûndere programma’s te spyljen. It kombinearret eigentiidske en âlde muzyk, fan alle soarten en mjitten, dy’t de sinnen en ferbylding prikelet en is altyd op syk nei yntrigearjende gearwurkingen mei musisy út oare kultueren en spannende kombinaasjes mei oare dissiplines.

oktober 25, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.