De partner ferlieze

oktober 10, 2021 06:59

Oertinking

Tsjin de neisten fan in minske op it stjerbêd sei ik faak: “As it safier is, skilje dan net direkt de boade, bliuw sitten by de leave deade, lit it op jim ynwurkje, doch wat it hert jim ynjout.” Dy’t dy rie opfolgen, wiene der letter tankber foar. De dea fan in alderneiste is sa yngripend. It is net goed om direkt oan it regeljen te gean!

De ets dy’t Marc Chagall makke fan Abraham dy’t by syn krekt ferstoarne Sara sit, is útsûnderlik fynfielend. Chagall hie syn eigen frou, mei wa’t er sa wiis en lokkich west hie, hastich, en dan ek noch jong, ferlern. Op de ets hat Abraham de iene hân foar de eagen, de oare leit op ’e hân fan Sara. Gie alles wat er mei har belibbe hie, it doe en doe en doe, yn bylden, flitsen, mominten en foarfallen oan him foarby? Se hiene alles efterlitten doe’t er harke nei de stim fan God. Se hiene leafde en fertriet dield. It grutte fertriet dat se mar gjin heit en mem waarden. De heechste wille om Izaäk, harren soan, dy’t se as in wûnder en as in geskink fan God belibben. It kin net oars of Abraham sil ek tocht ha oan syn swakke mominten. Twa kear hie er Sara min behannele. Om syn eigen hachje te rêden, liet er it foarkomme as wie se syn suster (Genesis 12:10-20; 20:1-18).

Wat kinne leauwigen lyts wêze, skeat troch him hinne. As yn in flits sil er tocht hawwe oan it konflikt tusken Sara en Hagar. Wat siet er der doe raar tusken. Hy hie it mei Sara holden, earlik wie dat net. Mar fier boppe al dat lytse út gie, dat se, troch God seinige, inoar ta seine west hiene en in seine foar minsken om harren hinne. Mei Izaäk soe de freonskip fan God mei minsken fierder gean. Dat kin Abraham tocht ha, doe’t er by Sara siet en de rouklacht oer har hold en skriemde.

Dêrnei gie Abraham oerein… om de begraffenis te regeljen.

Lêze: Genesis 23:1-6; 17-20

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

oktober 10, 2021 06:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.