De Nacht fan de Popmuzyk 2021

oktober 31, 2021 08:47 Fernijd

Yn ’e Nacht fan de Popmuzyk 2021 biedt de NTR foar de sechtjinde kear, streekrjocht op NPO 3, mear as trije oeren lang bysûnder en faak noch nea fertoand argyfmateriaal foar popleafhawwers. Allinnich mar liveregistraasjes, ynlaat en fan anekdoaten foarsjoen troch Matthijs van Nieuwkerk, Leo Blokhuis en samler Fenno Werkman.

Matthijs van Nieuwkerk (l.) en Leo Blokhuis (foto: NTR)

Mei dit jier ûnder oare in moaie gearwurking fan Tony Bennett (dy’t dit jier 95 wurden is en ôfskie fan it muzykfak nimt) mei jazzpianist Count Basie, funkrock fan Mother’s Finest, de tsjustere popmuzyk fan Nick Cave, 25 jier Buena Vista Social Club. Fierder binne der opnamen te sjen fan T-Bone Walker, bysûnder materiaal fan Bruce Springsteen, Country-stjer Chris Stapleton, rockband The Black Crowes en sjongers Lauryn Hill (fan The Fugees). En der wurdt omtinken jûn oan de Golden Earring.

Twadde skerm
Dit jier kinne sjoggers wer streekrjocht meidwaan. Op npo3.nl/nvdp kinne se ûnder de útsjoering nûmers oanfreegje, reagearje op de útstjoering, eftergrûnynformaasje fine en ekstra fideomateriaal besjen. Dit jier is der foar it earst de mooglikheid om foto’s yn te stjoeren. Yn ’e nacht wurde oproppen dien en oan ’e hân dêrfan wurdt in kar makke út it ûnbidige argyf fan Fenno Werkman.

Ofbylding: NTR

Fersyknûmers
Yn it programma is folop omtinken foar de muzyksmaak fan de sjogger. Elkenien kin fia npo3.nl/nvdp syn of har favorite nûmers oanfreegje út in list fan 36.000 live-opnamen, ôfkomstich út it argyf fan VJ en samler Fenno Werkman. Oanfragen mei it moaiste ferhaal komme yn ’e útstjoering.

Utstjoering: sneon 6 novimber om 22.45 oere op NPO 3

oktober 31, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.