De dokter en de taal

oktober 7, 2021 19:15

Boarne: Skepter, septimber 2002, it tydskrift fan de Stichting Skepsis

Taal docht derta yn de sprekkeamer. Jo moatte sûnder problemen jo eigen taal brûke kinne. Soks kin by ‘Yn Sicht’ yn Hurdegaryp en se jouwe it goede foarbyld. 

Pier Bergsma

Wy hawwe yn Hurdegaryp al 56 jier Tusken wâld en wetter, doarpskrante Hurdegaryp, dy’t njoggen kear yn ’t jier fergees by 2265 adressen troch de doar komt. Sa bliuwe wy goed op ’e hichte fan wat der yn ús doarp bart. De ferieningen kundigje harren aktiviteiten oan, de tsjerketsjinsten foar de kommende wiken steane deryn, al mei al nuttige ynformaasje. Yn it septimbernûmer hie ús húsdoktersteam Yn Sicht in aardich stikje, dat sa begjint: “Wêr’t sykte foar ferbining soarget…” De húsdokters betankje dêr de ynwenners fan it doarp yn “foar alle kaarten, bosken blommen, lekkere sûkelade, snobbersguod en skilderijkes” en “Doe’t de krapte grut wie, hawwe wy alle mûlekapkes, beskermklean en desynfeksjemateriaal dat by ús brocht wie, goed brûke kinnen.”

It is neffens my de earste kear of ien fan de earste kearen dat der in stikje yn it Frysk yn ús doarpskrante stiet. Hurdegaryp is as forinzedoarp fan Ljouwert net sa Frysk. Kinst tsjinwurdich wol op it stasjon fan Arriva in kaartsje yn it Frysk keapje, lykas yn it Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk en Frânsk. Dat bringt my op it folgjende. Wy hawwe sa stadichwei oan wetten genôch dy’t it brûken fan it Frysk yn it deistich ferkear mooglik meitsje, mar it binne de minsken dy’t it dwaan moatte. Arriva en Yn Sicht jouwe hjir it goede foarbyld.

De dokter en de taal

Op tiisdeitemiddei 28 septimber wie ik by it jubileumkongres fan Medisch Contact yn it Beatrixtheater yn Utrecht. Medisch Contact, it wykblêd foar dokters, bestiet fiifensantich jier en hie as tema foar it kongres keazen foar ”De dokter en de Taal’. Der wiene koarte presintaasjes lykas

TAAL IS NET MYN DING  Oer letterswakke en heechrisikopasjinten

Mear as oardel miljoen minsken yn Nederlân kinne net goed lêze en skriuwe. Se hawwe faak muoite om har wei te finen yn ’e sûnenssoarch en begripe ynformaasje oer harren sykte net goed. As dokter yn ‘e sprekkeamer moatte jo dêr wat oan dwaan.

Michael van Balken is in urolooch yn Arnhem mei in passy foar taal. De problemen feroarsake troch it net goed begripen, foaral yn ‘e sûnenssoarch, late ûnder mear ta de oprjochting fan Aap-Noot-Nier – foar bettere ynformaasje – en it opsetten fan wittenskiplik (doktoraal) ûndersyk dêroer.

De haadlêzing waard holden troch Andrea Evers: “Denk goed na over je woorden als arts.” Fansels hawwe dokters de plicht om pasjinten goede ynformaasje te jaan, mar it makket nochal ferskil oft jo sizze: “Dizze prip dy’t ik jo no jou docht sear” of “De measte minsken fernimme neat fan dizze prip.”

 Oer it placebo- en nocebo-effekt fan wurden

Wurden kinne in genêzend effekt hawwe, mar ek ferfelende bywurkingen. Wat kinne jo as dokter dêrmei dwaan? Andrea Evers is heechlearaar sûnenspsychology oan ‘e Universiteit Leiden en haad fan de ôfdieling sûnens, medysk en neuropsychology. Se is in ynternasjonale ekspert op it mêd fan placebo-effekten by fysike klachten. Foar har baanbrekkende ûndersyk nei de ynfloed fan psychologyske faktoaren op fysike klachten en steurnissen, krige se ferline jier de Stevin Premium fan 2.5 miljoen euro.

Der is al jierren wittenskiplik ûndersyk nei it saneamde placebo-effekt dien. Dat betsjut dat in pasjint in “nep”-medisyn kriget dêr’t gjin inkeld wurksum bestândiel yn sit. Dochs skynt soks te helpen. Der binne skeptisy, lykas iksels, dy’t derfan oertsjûge binne dat behannelingen yn it alternative sirkwy lyksas akupunktuer allinne in placebo-effekt hawwe, of om mei de wurden fan âld-húsdokter en heechlearaar Doeke Post te praten: “It wurket net, mar it helpt wol.”

Taal en hannelingen yn de sprekkeamer dogge derta. Sa kaam Evers ek op it nocebo-effekt. Dêr kin men lêst fan krije wannear’t men de bysluter by medisinen lêst en alle kwalen sjocht dy’t anneks wêze kinne mei it brûken. De iene pasjint reagearret sterker op it placebo- of nocebo-effekt as de oare. Der is net in goede ferklearring foar. It is yn alle gefal fan grut belang dat dokters begryp hawwe foar it effekt fan wat se sizze en dogge, want minsken dy’t yn de sprekkeamer komme, binne ûngerêst en sitte al ekstra yn spanning. Taal docht derta. By Yn Sicht yn Hurdegaryp kin men jins eigen Fryske taal brûke. Dat helpt ek!

oktober 7, 2021 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.