Bouwe de Boer: Fryske fytsers yn Porto

oktober 16, 2021 06:54

Kollum

Wy binne no hast trije moanne yn Portugal. Tachtich persint fan ús tiid sit derop. Wy hawwe no op trije adressen fia www.workaway.info wurke. Dat hat ús skoan foldien. Fervje, túnkje, timmerje en sa, alles foar kost en ûnderdak. In gouden formule om mei it lân en de minsken yn ’e kunde te kommen. As ik dit skriuw is it 9 septimber en wy binne yn de twadde grutte stêd: Porto. De earste reinige dei yn hûndert dagen! Hearlik 😊

Wy kieze derfoar om Porto op ’e fyts te ferkennen en jouwe ús op foar in fytstoer mei in gids. Ta ús fernuvering steane der sa’n tweintich Nederlanners klear dy’t deselde toer as wy dogge! It docht bliken dat it suver altyd allinne mar Nederlanners binne dy’t dizze toer dogge! Gekke lângenoaten!
It binne de earste Nederlânske toeristen dy’t we treffe, sels út Fryslân!

De Nederlânske gids liedt ús mei de sterke e-bikes troch de stêd en wy hâlde fansels stil by alles wat it besjen wurdich is. It falt ús allegearre op dat der yn Portugal safolle boufallen binne. Dakken ynstoart, finsters poater en wol gauris waakse der al beammen yn de wenkeamer. Wy hawwe it gefoel dat soks by wol mear as tsien persint fan de wenning- (of gebouwe)foarried it gefal is. Yn Nederlân lûkt ien sa’n boufal al omtinken. Yn Portugal giet it dus om tsientûzenen.

Foto BB

Wy hawwe it al faker heard, en ús gids befêstiget dat nochris: it hat mei de wetjouwing te meitsjen. Foar hierwenningen is nei de revolúsje fan 1974 in wet oannommen dat de hieren net wer ferhege wurde mochten. Fansels om de hierders te beskermjen. Dat hie desastreuze gefolgen. In soad hierders betelje noch hieltyd fyftich euro yn ’e moanne. In húsbaas kin dêr gjin wenning fan ûnderhâlde. Sterker noch, dy betellet mear ûnreplikesaakbelesting as er oan hier ynbart.

By keapwenningen spilet it erfrjocht in grutte rol. As de húseigener stjert, ferfalt de wenning oan de famylje. De famyljeleden meitsje dan mei-inoar út wat der barre moat. As dy it net iens wurde, bart der neat. Se binne it faak net iens, wurdt elkenien dy’t om him hinne sjocht wol dúdlik…

Takomme wike binne we by Frank Kroondijk yn Guarda. Dêr bout dy Hurdegarypster in Ekodoarp. Dêr, de oare kear, dus mear oer.

Dit is nûmer 56 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
oktober 16, 2021 06:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.