Boek fan Kees Kuiken oer Fryske lienen

oktober 18, 2021 08:41

Koartlyn is by útjouwerij Noordboek it boek Friese lenen, fan de hân fan Kees Kuiken ferskynd. Yn 2020 joegen de Stichting De Grote Zuidwesthoek en de Kingmastifting dr. Kees Kuiken de opdracht om in publikaasje te meitsjen oer de skiednis fan de Fryske lienen en dêrneist in wiidweidich oersjoch te meitsjen fan de hjoeddedei noch funksjonearjende lienen yn de provinsje Fryslân.

Boarne: Noordboek

Stúdzjebeurzen binne fan alle tiden. Tsjintwurdich wurde dy foaral troch de oerheid takend, mar yn Friese lenen giet de auteur yn op de partikuliere stúdzjefûnsen yn Fryslân. It âldste noch besteande is fan 1452, it jongste fan 2015. De stúdzjebeurs dy’t in studint fan dy lienen kriget, is hast altyd in jefte, gjin liening, mar elts lien hat syn eigen betingsten en foarkarren.

Kuiken set net allinnich relevante boarnen en feiten fan seis iuwen skiednis op in rige, mar jout der ek betsjutting oan troch sawol de maatskiplike as de kulturele kontekst te ferhelderjen. Hy leit ek út wêrom’t der just yn Fryslân noch safolle aktyf binne. Yn it twadde part treft de lêzer in oersjoch oan mei alle noch besteande Fryske lienen dy’t noch stúdzjebeurzen útdiele en foar wa’t dy ornearre binne.

Dr. Kees Kuiken is sinolooch en histoarikus.

ISBN 978 90 5615 847 7 | hurde omkaft | 384 siden | € 39,90

Friese lenen is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

oktober 18, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.