Binne Mosk: Ko âlder en produktiver

oktober 14, 2021 15:33

Gerard Bilders, Koeien in de weide (Ryksmuseum Amsterdam)

Nea earder waard de Nederlânske ko yn trochsneed sa âld en syn produksje sa heech as ôfrûne jier. Wa wit binne de kij sels grutsk op dy prestaasje. Nei de 19e iuw tebek kinne wy net.

Jacco, Hillie, Harm en Coenraad van der Mark üt Feanwâlden binne wiis mei harren kij. Grutsk steane se op de foto, want sy hawwe it produktyfste beslach fan Fryslân. (LC 14 oktober). De statistiken litte sjen dat de kij yn trochsneed seis jier wurden binne, om krekt te wêzen 2180 dagen. Sa’n trochsneed ko jout yn syn libben 35.600 liter molke.

Studium Generale is wer begûn op de universiteit fan Grins. Woansdeitejûn 13 oktober wie de earste ôflevering fan ‘Animals and us – How we see animals’. Maarten Reesink fan de UvA hat ûndersyk dien nei it byld dat wy krigen en krije fan dieren yn de media. Dan giet it bygelyks om de film King Kong út 1933. Dêr wurdt de mânske gorilla aap ôfskildere as in gefaarlik monster. Dat yn tsjinstelling ta de film út 2005. Mei dy King Kong en syn goede hert hawwe wy begrutsjen.

It byld fan dieren is fol fan tsjinstellingen. Fan de iene kant hawwe wy it gefaarlike bist lykas ‘Jaws’ út 1975. Fan de oare kant it kwetsbere en goedhertige bist lykas ‘Bambi’ út 1942. Om by dy lêste film te bliuwen: it Disneykonsern dat Bambi produsearre, hat noch altyd de topferkeap oan dvd’s mei syn ‘Finding Nemo’, dy animaasjefilm oer fisken. Itselde sukses hiene se mei ‘March of the pinguins’. Dieren binne populêr as nea earder. Elke jûn is der op de telefyzje in dokumintêre of film oer bisten.

Problematyske hâlding

It sûchdier minske hat in problematyske hâlding foar dieren oer. Wy ite se op, sjitte se dea, fermoardzje se mei fergif, mar wy binne och sa wiis mei ús katten, hûnen en hynders. It is begryplik dat de famylje Van der Mark graach mei de kij op de foto stiet. Der binne miljeuaktivisten dy’t sa’n ‘yndustriële’ ko in grouwel fine. Dy soene leaver werom gean nei de kij dy’t Gerard Bilders tusken 1860 en 1865 sa prachtich skildere.

Ik bin grut wurden op in lyts boerespul mei acht kij, tsien bargen en hûndert hinnen. It hat gjin doel om sa’n libben foar boeren en boerinnen en foar harren kij te romantisearjen. It wie hurd wurkjen, gjin fakânsje, want wa moast dan melke. Ik haw my doe ek net realisearre wat wy de kij oandiene, troch se fan oktober oant en mei april oan in tou op ‘e stâl fêst te setten op sa’n lyts plak dat se har de kont net keare koene. Wat dat oangiet hat Jantsje 23 (dy namme betink ik sels) fan boer Van der Mark it better troffen. Dat nimt net wei dat it heech tiid wurdt om nei te tinken oer hoe’t wy yn ús lytse lân fierder moatte mei al dy kij, bargen en hinnen.

oktober 14, 2021 15:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp oktober 20, 12:41

    Wêrom is de hâlding fan minsken foar de bisten oer eins problematysk? As in hauk dowen gripen mei (acht lange sikkelklauwen troch it liif en dan healdea útelkoar skuord op it nêst) wêrom sille wy dan gjin dowen sjitte om se op te iten? Alle bisten dy’t bisten ite meie dat dwaan, en de minske (allesiter) is gjin útsûndering. Niks mis mei, dus, mei de prima fersoarge kij fan al ús boeren. En dan komme se nei seis, sawn jierren as stooflapkes yn de pan.Dus nochris, hoe sa problematysk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.