Bern flechtlingen Heech yn Snits op skoalle

oktober 23, 2021 09:18

Boarne: pixabay.com

Fan de 150 flechtlingen yn de eardere Hegemer jeugdherberch sille fan takomme moandei ôf sa’n fjirtich bern yn Snits nei de basisskoalle. Dêr krije se dan les op Odysseeskoalle Master Amiko.

De leararen oan dy skoalle binne spesjalisearre yn it lesjaan oan bern dy’t it Nederlânsk as twadde taal hawwe. De bern fan it Snitser asylsikerssintrum geane dêr ek hinne.

It tal learlingen fan Master Amiko wurdt troch de ynstream út Heech sa grut dat der ferlet is fan in twadde skoalgebouw. De eardere Sperkhemskoalle, dêr’t no noch berne-opfang yn sit, sil oanpast wurde om dêr in part fan de learlingen fan Master Amiko yn ûnder te bringen.

Sjoch ek Henk Wolf: Flechtlingebern? Flechtlingsbern? | It Nijs

oktober 23, 2021 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.