Akteur Alec Baldwin sjit frou op filmset dea

oktober 22, 2021 10:17

De Amerikaanske akteur Alec Baldwin hat in kamerafrou op in filmset deasketten. De sheriff fan Santa Fe County yn Nij Meksiko hat dat buorkundich makke.

Foto: morguefile.com

Slachtoffer Halyna Hutchins wie as sjef fotografy ferantwurdlik foar de kameraploech. De regisseur fan de film Rust, Joel Souza, rekke ferwûne. De 63-jierrige Baldwin is ien fan de haadrolspilers en produsint fan dy western. It is noch ûndúdlik wat der krekt misgie. By it opnimmen waard in fjoerwapen brûkt en neffens de Amerikaanske side TMZ hiene dêr losse flodders yn sitte moatten. Amerikaanske media sprekke fan in ûngelok.

Kameraregisseur frou Hutchins (42) en regisseur Souza (48) waarden rekke. Beide slachtoffers waarden nei it sikehûs brocht. Frou Hutchins stoar dêr oan har ferwûnings, Souza hat it sikehûs ûnderwilens wer ferlitten.

Twa dagen lyn hie frou Hutchins noch foto’s fan de set op Instagram set. Hja pleatste in foto fan de filmploech en skreau by in filmke dêr’t yn te sjen wie dat se yn har frije tiid hynsteried, dat dat ien fan de foardieltsjes fan it opnimmen fan in western wie.

De akteur hat noch net op it ynsidint reagearre. Op Twitter wurde foto’s fan in wanhopige Baldwin dield mei hekstek #AlecBaldwin.

oktober 22, 2021 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.