Abdulrazak Gurnah kriget Nobelpriis foar de literatuer

oktober 7, 2021 13:28

De Tanzaniaansk-Britske romanskriuwer Abdulrazak Gurnah kriget dit jier de Nobelpriis foar de literatuer. Dat hat de Sweedske akademy fan wittenskippen tongersdei buorkundich makke. Gurnah is it bekendst om syn roman Paradise út 1994, dy’t ek yn it Nederlânsk oerset is.

De 73-jierrige skriuwer komt oarspronklik fan it Tanzaniaanske eilân Sanzibar en wennet it grutste part fan syn libben yn Ingelân. Hy skriuwt yn de Ingelske taal. Njonken skriuwer is er ek letterkundige. Hy is heechlearaar oan de universiteit fan Kent.

Gurnah skriuwt in protte oer flechtlingen. De Nobelpriissjuery is fol lof oer syn ‘kompromisleaze en ynfielende beskriuwing fan de gefolgen fan kolonialisme en it lot fan flechtlingen”.

oktober 7, 2021 13:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.