Aant Mulder: Mear, mar minder hie better west

oktober 5, 2021 07:00

Kollum

Alle dagen weroan, sneins útsûndere, falt moarns ier en betiid de Ljouwerter Krante op ’e matte. Somtiden wurde we der wekker fan. Lêzen komme we net folle earder oan ta as om kofjetiid hinne. No ja, dan blêdzje we der trochhinne. De kranten troch de wike ha sa’n 40 a 48 siden, freeds en sneons giet it om 80 en 88 siden. Dy ha jo net samar lêzen. As ik optel hoefolle bledsiden krante oft we yn ien wike krije, dan kom ik gau op sa’n 350 siden, dêr’t sa’n 60 advertinsjesiden fan binne, Gean der mar oanstean. En oft dat net genôch is, sit dêr sûnt koart noch in tydskrift foar yn it wykein by: Meer, hjit dat.

Krantlêze, ik kom hieltyd faker ta de konklúzje dat ik mear net as wol lês. Dat hat te krijen mei radio en telefyzje. Guon dingen ha ’k al heard of sjoen. Sûnt hieltyd mear nijs digitaal folge wurde kin, doch ik dat ek. Ik sjoch gauris op de apps fan de NOS, fan Omrop Fryslân en fan It Nijs. Dêr komt noch by dat kranten in eigen digitale krante ha, de Ljouwerter ek. Dy lês ik net. Alles stiet ommers wol yn de papieren krante. Ik ha dy digitale ferzje alris opsizze wollen. Dat koe net. Ik betelje dus foar dingen dêr’t ik neat mei doch. Ungemurkenwei betelje ik hieltyd mear foar dingen dy’t ik hieltyd minder lês. Alle fearnsjierren falt de rekken op de matte. It bedrach: € 116,75.

Oare kranten hat men eins net mear nedich. Dy ha ik ek safolle mooglik opsein. Wy ha in skoftke it  AD en de LC beide lêzen. Linkendewei kamen we ta de konklúzje dat we hast twa kear deselde krante sieten te lêzen. De oerienkomsten tusken de noardlike kranten fan de NDC (Noordelijke Dagblad Combinatie) wurde ek hieltyd grutter. Dy oare kranten fan de NDC kinne we fansels wol sûnder. It betsjut wol dat ik hieltyd faker noardlik nijs tsjinkom en minder faak spesifyk Frysk nijs. En dan ha ik it noch net iens hân oer de streekblêden fan NDC en fan oare útjouwers, dy’t der ek noch binne. Ik hie ferwachte dat yn dizze tiid hieltyd minder nijs op papier komme soe en hieltyd mear yn apps en sa. Nee, dus. Krektoarsom, it giet dûbeldop en it wurdt hieltyd mear en net minder!

Op in ferskaat oan plakken kin men dus kranten, op papier en digitaal, mei hast itselde nijs lêze. Mar der is noch wat. It liket wol oft de kranten alles ha wolle. Yn de LC kin men lêze oer: yn it nijs, ekonomy, poadium, kultuer en media, radio en telefyzje, service, sport, yn byld, strips en puzels, famyljeberjochten, eftergrûnen, reportaazjes, ynterviews, sûnens. Guon ûnderwerpen wurde as ûnderdiel opnommen, guon as aparte katernen, guon as beide. Wa’t it hiele hear oersjocht, kin maklik de konklúzje lûke dat it hast sûnder oare tydskriften ta kin. Guon katernen fan de krante binne ommers tydskriften gelyk. Tink oan: LC-sport, Freed, Sneon en Snein. Dêr is okkerwyks ek noch it tydskrift by kommen: Meer.

As de krante in soarte fan supermerk foar in grut ferskaat oan ynformaasje is, soe iksels útmeitsje wolle wat ik yn it karke goai en wêr’t ik wol en net foar betelje.

Hieltyd faker tink ik dat ik al dy rubriken net brek bin. By it ferskinen fan Meer is dat gefoel allinne mar grutter wurden. Dat tydskrift hoech ik net, de rubryk radio en telefyzje hoech ik net, kultuer en media hoech ik net, we ha al in tv-gids, ekonomy leau ik ek wol. Ik soe gewoan krije wolle wêr’t ik belangstelling foar ha. As de krante in soarte fan supermerk foar in grut ferskaat oan ynformaasje is, soe iksels útmeitsje wolle wat ik yn it karke goai en wêr’t ik wol en net foar betelje.

Sa’n krante mei safolle nijs, dêr stiet fansels alles yn. Dat soe in pluspunt wêze kinne. Dat jildt foar al dy oare grutte kranten wol, mar net foar de LC. As de LC in folsleine krante wêze wol, dan soe dy it Frysk it plak jaan moatte dat it rjochtens takomt. De twadde rykstaal soe brûkt wurde moatte as minsken Frysk prate en skriuwe en dat soe troch de krante oernommen wurde moatte. No giet dat faak oars. Yn sokke situaasjes brûkt de krante Fryske titels, sitaten en inkeldris in hiel stik. Dat fyn ik moai en dat moat foaral sa bliuwe, hoewol’t ik it moaier fine soe as dêr mear oan dien wurde soe.

Doe’t Meer dêrom op ’e matte foel, tocht ik oan ‘Mear’ mei ‘ea’, in Frysktalige bylage, want dat is wat de LC noch altyd net hat. It hie in boppeslach west. Nee dus. Doe’t it der efkes yn omblêde seach ik mear Ingelske wurdsjes as Fryske. As ik de ynhâld op ûnderwerpen skôgje kom ik ta de konklúzje dat it in tydskrift is dat hiel goed by de NDC past ek al stiet der Leeuwarder Courant op. In pear dingen feroarje en it kin likegoed yn Grinslân en Drinte ferspraat wurde. Ik bin ûnderwilens net in artikel yn dy earste útjeften fan Meer tsjinkommen dêr’t ik fan tink: ‘Dat moat ik lêze’. Tagelyk mei in tal fan de katernen giet dit tydskrift streekrjocht nei de âldpapiercontainer. Skande eins. Skande eins fan al dat wurk, want it is wol kreas makke. Skande eins fan it papier, dêr’t we leaver minder fan brûke wolle. Skande ek fan it hieltyd hegere abonnemintsjild, want dat hat it grif wer fan gefolgen.

It wurdt tiid dat de LC of NDC mei oanmetten kranten komt, op papier of digitaal, en dat ik yntekenje kin op it Hoofdblad, LC Fryslân en de bylagen dy’t ik fan belang achtsje en dat ik dêr dan ek neffens betelje. In krante dy’t ik mar foar de helte lês, is my sa te djoer. Oan ’e oare kant, in krante dy’t noch wat mear omtinken jaan soe oan ús eigen taal, soe ’k krekt wat mear foar oer ha. Mar dat lit ik mar gewurde, dat wolle se dochs net hearre.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 5, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe oktober 5, 13:03

    ,,Dy oare kranten fan de NDC kinne we fansels wol sûnder.” Tige tank, Aant. Do helpst de demokrasy yn Fryslân wer in ein foarút mei sa’n bemoedigjende opmerking.

  2. Wopkje Bergmans oktober 6, 15:21

    Moai stikjeAant.
    Dat wie myn earste reaksje ek doe’t it wykein kater fan de LC “MEER” hjir op de matte fûl,…..Ferhip,tocht ik,wêrom no gjin “MEAR”.Der stiet sa’n ferhipt bytsje Frysk yn.Dit hie no krekt in opstekkerke wêze kinnen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.