Aant Mulder hâldt op mei alle wurk
Resint ferskynd
Aant Mulder hâldt op mei alle wurk
Pier Bergsma
Alle wiken skriuw ik foar It Nijs. Om earlik te wêzen, lês ik net altyd alles wat dêrop publisearre wurdt, útsein de kollum fan Aant Mulder. Aant is goed op ’e hichte fan wat der omgiet op it mêd fan it Frysk en Fryslân en hy doar stânpunten yn te nimmen.
Yn syn lêste kollum, dy fan 5 oktober, wie er kritysk oer ‘Meer’, de sneonsbylage fan de LC, sa’t er dat hûnderten kollums earder, yn dy fan desimber 2017, ek wie oer it skiednisûnderwiis op ús Fryske skoallen. En It docht bliken út al dy kollums fan sa’n 1000 wurden, dy’t er sûnt oktober 2017 alle wiken wer mei izeren oarder publisearre. Dat fêste tal wurden wie nedich omdat de kollum tagelyks it radiopraatsje fan Radio Spannenburg wie foar de sneontemiddei yn it programma ‘Gewoan Frysk’. Dêrneist wie en is Aant ien fan de driuwende krêften efter DE NIJE, ús folslein Frysk magazine, dat yn jannewaris oan syn tredde jiergong begjint.
Twa jier lyn holden wy de jierlikse desimbergearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging op in middei yn Jonker Sikke yn Jellum. Dy gesellige en bysûndere gearkomste is de iennige dêr’t wy net allinne oerlis hawwe, mar ek mei-inoar ite. Aant moast spitigernôch ôfsizze, omdat er siik wie. Doe kaam koroana en hawwe wy inoar allinne sjoen fia ZOOM, Teams of sokssawat. Ik haw dêrnei noch in kear yn Snits mei Aant oerlein oer ús tydskrift.
Ofrûne simmer is Aant út it bestjoer fan de Ried gien. It gie net goed mei him, dat begriepen wy, mar elkenien hope dat de behannelingen oanslaan soene, hysels it meast. Dat hat. witte wy nei twa jier, net sa wêze mocht. Aant hat al syn wurk beëinigje moatten. Ik haw justermoarn by him en syn Marijke west. Hy e-mailt ús hjoed:
Bêste minsken,
Ik hie dit mailtsje leaver net skreaun, mar troch omstannichheden (sykte) kin ik net oars as ophâlde mei it wurk foar DE NIJE. Ik tink mei nocht en wille werom oan de goede kontakten dy’t wy hiene. Tige tank dêrfoar.
Ik freegje jimme freonlik foar dingen oangeande DE NIJE kontakt op te nimmen mei Arjen Dijkstra of Pier Bergsma. Dêr kin de kopij ek hinne.
Mei freonlike groetnis,
Aant
Tige tank, Aant, foar al dyn wurk, benammen foar It Nijs. Wy – en mei ús in protte lêzers – sille dyn kollums en skriuwerij misse. Wy winskje dy en dyn neisten foar de kommende tiid sterkte ta!
Tige tank foar alle krease stikjes!
Alle respekt
Altyd mei nocht de kollums fan Aant lêzen.Trochtocht en gauris aktueel.
Mei nocht dyn kollum lêzen! Sterkte en golle groetnis.
Ferskriklik nijs. Ik lies syn stikken ek altyd sa graach.
Sterkte en leafde.
Aant, ik winskje dy en dy’t dy nei steane noch in goede tiid.
Aant in protte sterkte en ik sil dy en dyn kollums misse.
Goeiemiddei Aant…Wat is dit ferhipte spitich om te hearren.Krekt as safolle minsken ha ik ek altyd genoaten fan Aant syn stikjes.J
Ja,yndie,mei humor mar ek kritysk.
.En…..wat ha ik ek altyd mei in soad nocht en wille nei jo lessen gien fan.de Afûk.Nijsgjiriige jûntsjes mei in soad skiednis en eigen ynbring.
Omdat wy sa’n entûsjast groepke wiene,hat Aant noch in ekstra lessensyklus foar ús yninoar draait.Tige tige tank foar alles wat ik fan jo leard ha.
Mei in groet út Holwert fan Wopkje
Bêste Aant,
Net bêst, om sa ôfskied nimme te moatten.
Tige tank foar de moaie stikjes en ek foar de lessen by de Afûk!
Ik winskje Jo en jo neisten in soad sterkte ta!
Hertlike groetnis,
Gerry Labordus,
Ljouwert