Vocaal Drieluik mei De twa keningsbern – 31 oktober
Resint ferskynd

Rixt van der Kooij (foto Till Schmitz)
Sneintemiddei 31 oktober is der yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert wer in ôflevering fan ‘Vocaal drieluik – De zanger vertelt’. Under de titel ‘De twa keningsbern’ sil muzyk fan bekende en ûnbekende komponisten út de 19de en 20ste iuw útfierd wurde. Fanwegen koroana wurdt der net songen, mar wurdt in âlde muzykfoarm ta libben brocht: it Dútske melodrama, mei muzyk foar piano en ferteller.
De pianiste is de Fryske Rixt van der Kooij, dy’t dosint is oan it Keninklik Konservatoarium fan De Haach; de fertellers binne twa oankommende sjongers, Magdalena Michalko en Erjan van der Velde.
Tagongskaarten kinne reservearre wurde fia info@vocaaldrieluik.nl of fia https://harmonie.nl/agenda/de-twee-koningskinderen/50800
It konsert begjint om 15.00 oere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje