Ynsektenetwurk kriget stipe

septimber 23, 2021 15:18

De provinsje Fryslân wol inisjativen stimulearje dy’t in bydrage leverje oan it ferbetterjen fan it bioferskaat. Dêr is in subsydzje fan € 50.000 foar beskikber. Dan giet it benammen om it oantal ynsekten en it ferskaat yn soarten. Fan 27 oktober oant en mei 2 novimber kinne inisjatyfnimmers plannen yntsjinje.

It tal ynsekten is de ôfrûne desennia slim ôfnommen. Dêrom set de provinsje yn op it ophelpen fan it ynsektenetwurk. Deputearre Douwe Hoogland: “Der binne gebieten dêr’t it wat better giet mei de ynsektestân, mar dy binne fakentiden net mei-inoar ferbûn. Dêr lizze noch in protte kânsen. As lokale inisjativen dêrmei oan ’e slach wolle, is dat fansels prachtich!”

Hegeskoalle Van Hall Larenstein ûntwikkele in Handreiking Insectennetwerk en de dêrby hearrende Hotspotkaart. Dy jouwe oan wêr’t de measte potinsje leit om it ynsektenetwurk te ferbetterjen en hoe’t dat it bêste kin. It is de bedoeling dat de plannen fan inisjatyfnimmers oanslute by de hantrekken en de kaart. Bygelyks troch de ‘wite flekken’ oan te pakken: lokaasjes dêr’t noch in protte kânsen foar ynsekten lizze, of troch it meitsjen fan ferbiningen tusken besteande ynsektehotspots.

Oanfragen wurde behandele op folchoarder fan ynkommen en beoardiele oan ’e hân fan de Handreiking Insectennetwerk en de Hotspotkaart. Maksimaal 75 prosint fan in projekt mei finansiere wurde, ta in maksimum fan 24.500 euro.

septimber 23, 2021 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.