Ynfloed bloeisônen Fryslân troch koroana ekstra wichtich
Resint ferskynd

Wurkbesite deputearre Douwe Hoogland. Foto Prov. Fryslân
In sûne libbensstyl en it gefoel fan earne by te hearren drage by oan it wolwêzen en in goede wjerstân tsjin sykte. Om dy reden stimulearret de provinsje bloeisônen. By in wurkbesite oan bloeisône ‘058 samen Sterk’ lei deputearre Douwe Hoogland de klam op it belang fan in sûne libbensstyl foar sawol it yndividu as de maatskippij. Bloeisônen binne ynspirearre troch de mondiale Blue Zones, dêr’t minsken, op in sûnere wize, âlder wurde as earne oars.
Koroana hat it belang fan in sûne libbensstyl en ûnderling kontakt nochris ekstra beklamme. Mei mear omtinken foar it sûn iten en it genôch bewegen, kinne sykten dy’t oan libbensstyl relatearre binne, tefoaren kommen wurde en is de befolking minder kwetsber foar earnstige gefolgen fan firussen. De provinsje set yn syn bestjoersakkoart foar alle Fryske boargers it lok op nûmer ien. Omdat de sûnens en it diel útmeitsjen fan ’e mienskip dêr beskiedend foar binne, ynvestearret de provinsje yn inisjativen dy’t in sûne libbenstyl stimulearje en de sosjale koheezje fersterkje.
Jerrel Ramdat fan it ynisjatyf 058 Samen Sterk wit mei syn oanpak grutte groepen ynwenners entûsjast te krijen foar sûner iten en mear bewegen. Troch koroana moast 058 Samen Sterk ek in soad aktiviteiten ôfblaze. En dat krekt yn tiden fan in pandemy, dêr’t in sûne libbensstyl ekstra wichtich foar is.
Deputearre Douwe Hoogland: “Jerrel Ramdat wit as gjin oar minsken te ynspirearjen om letterlik en figuerlik yn beweging te kommen en inoar te moetsjen. Dêrom is it sa wichtich om – no’t de koroanaregels mear tasteane – wer mei-inoar oan sûnens en wolwêzen te wurkjen. Wy hoopje dat yn de bloeisône Fryslân oaren ek ynspirearre wurde troch it ferhaal fan Jerrel en fan oare bloeisône-inisjativen yn ús provinsje.”
Yn opdracht fan de provinsje rjochtet Healthy Ageing Network Noord-Nederland him op it yn kaart bringen fan saneamde bloeisônen: ynspirearjende inisjativen út de mienskip dy’t bydrage oan in sûne libbensstyl en ûnderlinge ferbining. Ut it bloeisôneprojekt wei drage de ûnderfiningen fan besteande bloeisônen by oan it sukses fan nije inisjativen. Sa wurde ynwenners fan Noard-Nederlân, ûndernimmers, tinkers en beslissers mobilisearre om by te dragen oan in sûne en lokkige regio.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje