Wylde Warnsbetinking

septimber 25, 2021 17:26

Foto: It Nijs

Hoewol’t de Stifting Slach by Warns om de koroanaregeljouwing derfan ôfsjoen hie om in betinking te organisearjen, wie der fan ‘e middei aardich folk nei it Reaklif tein. Dyen wiene reewillich om te harkjen nei oaren dy’t harren trekken waarnamen en hâld in taspraak.
Sander Hoekstra, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip, ferlike de striid fan de Friezen fan eartiids mei dy fan hjoed-de-dei. Syn taspraak wurdt meikoarten yn al syn hear en fear op ItNijs.frl publisearre.
Ald-sjoernalist Kerst Huisman ferdútste syn ideeën oer in Fryske grûnwet.
Rypke Zeilmaker, wittenskipssjoernalist en natuerfotograaf, hold út dat ôfkomst en mentaliteit wichtiger binne foar it Fryskwêzen as de taal en ferwiisde dêroar nei syn boek dat kommendeweis is: Liever dood dan slaaf; een pelgrimsreis door de Friese natuur op zoek naar vrijheid. Syn sizzen dat Grutte Pier ek nea in mûlkapke omdwaan soe, gie der by in part fan it omsteand laach yn as in preek yn in âlderling.
Sjonger Bruno Rummler fleure, by tige skier waar, mei inkelde lieten de sa yn it wyld ûntstiene betinking noch wat fierder op.

Sander Hoekstra. Foto: It Nijs

Kerst Huisman. Foto: It Nijs

Rypke Zeilmaker. Foto: It Nijs

Bruno Rummler. Foto: It Nijs

 

septimber 25, 2021 17:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S P A L ten Brêge septimber 26, 09:21

    Gezien de lage opkomst en de onderwerpen waar over werd gesproken, is het duidelijk dat dit groepje mensen heel erg ver af staat van de realiteit, van wat Friesland nodig heeft en waar de gemiddelde inwoner van Friesland mee bezig is. Dit kleine, zeer fanatieke stelletje wappies werkt eerder afstotend dan verbindend en is een gevaar voor de eenheid van onze mooie provincie. Waneer we deze oude nozems ruimte geven staat er straks weer een slagboom op de afsluitdijk. Enkeltje Franeker lijkt me beter voor deze dromers.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.