Wetter foar letter

septimber 10, 2021 09:35

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de Drinkwetterstrategy Fryslân 2050 fêststeld. Dy strategy, ‘Wetter foar letter’ – yn gearwurking mei wetterbedriuw Vitens ta stân kommen – omskriuwt hoefolle grûnwetterreserves oft der nedich wêze kinne om oan de takomstige drinkwetterfraach foldwaan te kinnen.

Grûnwetter is de boarne foar it drinkwetter. Fryslân hat in grutte foarried skjin, swiet grûnwetter. In part dêrfan wurdt al brûkt foar de produksje fan drinkwetter. Yn de ôfrûne jierren is de fraach nei drinkwetter sterk tanommen. Berekkeningen meitsje dúdlik dat der yn de takomst by in tal hjoeddeistige wetterwinplakken it risiko op it fersâltsjen fan it grûnwetter bestiet. Om elkenien yn de takomst ek skjin en genôch drinkwetter beskikber te hawwen, moat de drinkwetterproduksje dêrop taret wêze.

It is wichtich dat brûkers sunich mei drinkwetter omgeane. Provinsje en Vitens wolle dêrom fierder ynsette op it besparjen fan wetter. Dêr wurdt in aksjeprogramma foar opsteld. Dêrneist is in goede kwaliteit fan it grûnwetter fan belang foar de drinkwetterfoarsjenning. Yn it ramt fan de drinkwetterstrategy wurdt ek oan it behâld fan in goede kwaliteit fan it Fryske grûnwetter wurke.

Lanlik is ôfpraat dat alle provinsjes grûnwetterreserves oanwize foar takomstige drinkwetterwinning. Yn de drinkwetterstrategy wurde dy Aanvullende Strategische Voorraden (ASV’s) beliedsmjittich fêststeld. Foar Fryslân betsjut dat no dat der ASV-sykgebieten definiearre binne. De formele juridyske oanwizing fan de ASV’s is yn 2022/2023.

Om de kwaliteit fan it grûnwetter te garandearjen, wurde dy ASV-gebieten tsjin mynbou-aktiviteiten lykas gaswinning beskerme. It oanwizen fan ASV’s hat gjin ynfloed op oare aktiviteiten lykas lânbou. De Drinkwetterstrategy Fryslân 2050 is ûnderdiel fan it Regionaal Waterprogramma. Provinsjale Steaten behannelje dat programma ein dit jier.

Mear ynformaasje oer wetter yn Fryslân is te finen op Grondwater in Fryslân

septimber 10, 2021 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.