Wat is it ferskil tusken fergunningen foar boeren en foar de NAM?

septimber 17, 2021 15:38

Wêrom kin in fergunning foar buorkjen yn de omkriten fan in natuergebiet ynlutsen wurde omreden fan de stikstofproblematyk, wylst tagelyk de NAM in fergunning foar gaswinning yn in Natura 2000-gebiet net wegere wurde kinne soe? Dat kin men jin ôffreegje op grûn fan it nijs dizze wike.

Ut in ynearsten útlekte en letter troch it Ministearje fan Lânbou befêstige oanrekommandaasje fan de lânsadvokaat, docht bliken dat de oerheid fergunningen foar boeren mei in hege stikstofútstjit by natuergebieten ynlûke kin. Mar yn deselde snuorje hold minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat by in besite oan Ternaard út dat hy net oars kin en jou de NAM fergunning om dêr gas te winnen únder de Waadsee. Hoe falle dy beide saken te rymjen? Oan ’e hân fan inkelde fragen set It Nijs it op in rychje.

Demonstraasje tsjin de foarnommen gaswinning by Ternaard op11 septimber l.l.; foto: Omrop Fryslan, Onno Falkena

Hat Blok gelyk?

“Er is op dit moment geen aanwijzing voor onherstelbare schade aan het Waddengebied, en daarom kan ik de winning niet weigeren”, sa wol Blok ha. Spesjalisearre advokaten út de mynbouwrâld jouwe him gelyk: de winningsfergunning is winliken al ferliend. It is op dit stuit allinnich noch mar te rêden om it winningsplan. In betroubere oerheid kin der no net mear foar omlizzen gean. Mar neffens de Waardferiening kin soks wol. Yndied wurdt yn de Mynbouwet (yn kêst 7a) situearring fan in winning yn it Waadgebiet eksplisyt neamd as grûn om it ferlienen fan in fergunning te wegerjen. Fierders is de Mynbouwet ferâldere, om’t dy allinne foarsjocht yn in technyske hifking en gjin rekken hâldt mei wat provinsjes, gemeenten en wetterskippen derfan fine. Meikoarten feroaret dat as de Omjouwingswet fan krêft wurdt.

Pleitet de lânsadvokaat dan foar in ûnbetroubere oerheid?

De stiktofproblematyk freget om yngripen. It ynlûken fan de natuerfergunning docht earder en better fertuten as it opkeapjen en ûnteigenjen fan buorkerijen, lykas it ryksregear no al yn him omgean lit, ornearret de lânsadvokaat. Unteigening is in mooglikheid om dy bedriuwen dy’t yn ’e wei sitte fuort te krijen, mochten dy mei jild net omlyk wolle. It ôfnimmen fan eigendom is nammentlik in drege en lange proseduere, dy’t wol fiif jier of langer duorje kin. In fergunning is gjin eigendom, en sadwaande kin dêr folle redsumer mei trochpakt wurde. Der sil wol in skeafergoeding foaroer stean moatte, want de boer mocht derop rekkenje dat er mei syn bedriuw de kommende tiid jild fertsjinje soe.

Dat, dan is de gaswinning by Ternaard ek foar te kommen?

As it natuerbelang in argumint is dat meitelt – eat dêr’t Blok no neat fan witte wol – dan soe de minister krekt-en-gelyk de besteande mynboufergunning ynlûke kinne, of in oare omjouwingsfergunning dy’t mei de mynbou anneks is, mar dan soe der al, lykas by de dupearre boeren, skeafergoeding betelle wurde moatte oan de NAM.

septimber 17, 2021 15:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martinus septimber 18, 17:58

    Ik begryp dat wol!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.