Waarpraatsje: Wat rein of in bui
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – In wie tiisdei in kreaze neisimmerdei, mar yn ‘e rin fan ‘e dei rekke de loft wol berûn. Woansdei is der kâns op in bui.
Tiisdeitejûn en yn ‘e nacht nei woansdei ta is de loft berûn en it soe wat reine kinne. Op guon plakken kin ek in (tonger)bui falle en letter is in opklearring ek net útsletten. Tsjin ‘e moarntiid kin it dizenich wurde. By is swakke sudewyn wurdt it 14 graden.
Woansdei is it earst skier en dizenich en yn ‘e moarn falle der rûnom in pear buien. Yn ‘e middei soe de sinne miskien noch efkes te sjen wêze kinne, mar de kâns op in bui bliuwt. De wyn giet fan it suden oant súdwesten nei it westen en boazet wat oan. It wurdt in graad as 20.
Fan tongersdei ôf is it wer in pear dagen, sa goed as, drûch. Wy hâlde in noflike temperatuer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje