Waarpraatsje: Waarm foar de tiid fan it jier

septimber 6, 2021 18:58

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze en suver hast wat neare moandei, mar yn ‘e rin fan ‘e dei rekke de loft wol berûn. It bleau sa goed as drûch. Wy krije no in pear waarme dagen.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei klearret it wer op en op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De swakke wyn komt earst út ferskillende rjochtingen, mar letter giet de wyn nei rjochtingen tusken it easten en it suden. It wurdt 10 graden.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar wat hege bewolking is net hielendal útsletten. By in swakke eastewyn leit de temperatuer tusken de 20 en 24 graden.

Woansdei kin it noch wat waarmer wurde.

Jan Brinksma

septimber 6, 2021 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.