Waarpraatsje: Unstabyl en rûzich

septimber 30, 2021 17:40

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei foar it grutste part noch wol in kreaze hjerstdei. Freed, sneon en snein wurde wiete dagen.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar der is sa út en troch ek in opklearring en der soe wat (sto)rein falle kinne. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.

Freed is der earst sinne, mar letter rekket de loft berûn en sil it in skoft reine. De matige oant frij krêftige wyn komt út it suden oant súdwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet it krêftige oant hurde wyn.

Yn it wykein bliuwt it wis net drûch en der stiet ek in soad wyn.

Jan Brinksma

septimber 30, 2021 17:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.