Waarpraatsje: Tongersdei mear wyn

septimber 22, 2021 19:09

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It tilt dizze hjerstmoanne op fan ‘e kreaze neisimmerdagen, mar tongersdei stiet der wat mear wyn as de lêste tiid.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder, mar tsjin ‘e moarntiid kin de loft ek wat berûn reitsje. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 9 en 13 graden.

Tongersdei is it oan de skiere kant en letter op ‘e dei soe it ek wat (sto)reine kinne. De wyn giet geandewei ‘e dei nei it westen oant noardwesten en wurdt matich oant frij krêftich. It wurdt net folle waarmer as 18 graden.

Nei tongersdei feroaret der net in soad oan it waar.

Jan Brinksma

septimber 22, 2021 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.