Waarpraatsje: Stadichoan waarmer

septimber 3, 2021 19:07

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Freedtemoarn wie it yn in grut part fan Fryslân earst strieljend waar, mar de loft rekke al gau berûn. Yn ‘e middei kaam de sinne der op in soad plakken wer by. Bewolking sit Fryslân ek yn it wykein sa út en troch dwers.

Yn ‘e nacht nei sneon ta rekket de loft, nei alle gedachten, wer berûn. By in swakke easte- oant noardeastewyn leit de temperatuer tusken de 9 en 13 graden.

Foar sneon is it hast net te sizzen oft de sinne skine sil. De kâns op bewolking is frij grut, mar de sinne soe ek samar te sjen wêze kinne. De swakke wyn komt yn elts gefal út it easten en mei in temperatuer om de 20 graden hinne is it noflik.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Der is kâns op (wat) sinne, mar de loft soe ek samar wer berûn wêze kinne. By in swakke eastewyn wurdt it mei 23 graden krekt wat waaarmer as sneon.

Nei it wykein hâldt it drûge en frij waarme waar oan.

Jan Brinksma

septimber 3, 2021 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.