Waarpraatsje: Sneon mear sinne

septimber 17, 2021 17:31

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is rêstich neisimmerwaar en de sinne hat it dreech, mar sneon is der, nei alle gedachten, mear sinne.

Yn ‘e nacht nei sneon ta is de loft berûn, mar in pear opklearringen binne net hielendal útsletten. As it opklearret, dan kin der damp ûntstean. De swakke wyn komt út ferskillende rjochtingen. De temperatuer leit om de 12 graden hinne, mar as it helder wurdt, is it in pear graden kâlder.

Sneon kin it earst noch dampich wêze, mar geandewei lit de sinne him ek (goed) sjen. Der binne dan wol hingelwolken. De wyn komt út it súdeasten oant easten en is swak, by de kust lâns miskien matich. It wurdt 20 graden.

Snein feroaret der net folle.

Jan Brinksma

 

septimber 17, 2021 17:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.