Waarpraatsje: Skier wykein

septimber 10, 2021 18:37

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere mar wol soele freed, mei yn ’e middei op guon plakken yn Fryslân in (tonger)bui. Yn it wykein is it ek oan ’e skiere kant.

Freedtejûn en yn ‘e nacht nei sneon ta kinne der noch in pear (tonger)buien falle. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 15 graden.

Sneon wurdt in skiere dei, mei kâns op in bui en sa út en troch wat (sto)rein. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Snein feroaret der net folle. It is wer skier en der kin noch in bui falle. By in matige westewyn wurdt it 20 graden.

Takomme wike is it yn bytsje ritich simmerwaar, mar kâld wurdt it net.

Jan Brinksma

septimber 10, 2021 18:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.