Waarpraatsje: Sinne en bewolking

septimber 16, 2021 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze tongersdei mei sinne en bewolking. Der feroaret foarearst net in soad.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf en op guon plakken soe it sa út en troch wat storeine kinne. De swakke wyn komt út rjochtingen tusken it suden en it westen. It wurdt 13 graden.

Freed wikselje sinne en bewolking inoar ôf en in bui is net hielendal útsletten. By in swakke súdwestewyn wurdt it krekt gjin 20 graden.

Nei freed bliuwt it stabyl neisimmerwaar.

 

septimber 16, 2021 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.